Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112529

Een sage (mondeling), dinsdag 06 augustus 1974

Hoofdtekst

Ik wenne by 't spoar op in spultsje. Njonken my wennen minsken dy hienen in âld man by har yn 'e hûs. Dy âld man wie frijmitseler. As er mei ien fûstke stuts er mar twa fingers út.
Frijmitselers matte har persé oan bipaelde rigels hâlde. Dogge se dat, dan ha se noait gebrek oan jild.
Der waerd sein, dat de frijmitselers byelkoar kamen yn Ljouwert, yn 'e groun, ûnder 'e Harmonie.
Deselde dy't fan 'e rigels ôfwykt is binnen de safolle wiken dea. Dat wyt ik sekuer.
Dy man njonken ús hie jild genôch. Hy hie ek in moaije lape groun. Heit kaem by him en frege of er it ek fan him hiere koe. De man syn frou woe ha, dat soe mar oangean. Mar de man sei: "Dat mei ik samar net dwaen. Ik mat der earst mei guon oer prate. As ik dêr mei ôfpraet bin, krije jo biricht", sei er tsjin heit. (Dat sil de hegere ynstânsjes fan 'e frijmetselers west ha.) Hy sei der noch by: "Doch ik dat net, dan bin 'k binnen 't healjier dea."
Heit hat it stik lân net krige.
De frijmitselers komme ienkear wyks byinoar. Se hawwe in kontrakt mei de duvel sluten. It jild krije se úteindelik fan 'e duvel. Der wurdt wol sein, dat, as har jild op is, dan hingje se de lege jildponge jouns oan 'e doar en dan is er de oare moarns wer fol.
De buorman hat my sels forteld dat der om 'e safolle jier ien fan harren stjerre mat. It lot wiist soks oan.
In frijmitseler kin ek noait wer by de orde wei.
Syn frou wie stoarn op in bipaelde tiid dy't forbân hâldde mei syn lidmaetskip. Binnen de safolle tiid mocht er net wer trouwe. Hy is trouwens widner bleaun.

Onderwerp

SINSAG 0881 - Der Teufelsvertrag. Mann schliesst einen Vertrag mit dem Teufel, welcher ihm bei seiner Arbeit Hilfe leistet.    SINSAG 0881 - Der Teufelsvertrag. Mann schliesst einen Vertrag mit dem Teufel, welcher ihm bei seiner Arbeit Hilfe leistet.   

Beschrijving

Vrijmetselaars moeten zich aan bepaalde regels houden om nooit geldgebrek te hebben. Als ze de regels niet navolgen, sterven ze binnen een paar weken. Vrijmetselaars vergaderen soms onder de grond. Ze komen één keer per week bij elkaar. Een vrijmetselaar moet alle beslissingen die hij neemt eerst voorleggen aan de andere vrijmetselaars. Vrijmetselaars hebben een duivelscontract gesloten. Bij geldgebrek hangen ze een lege beurs aan de deur. De volgende ochtend is de beurs gevuld. Om de zoveel jaar moet er - na loting - een vrijmetselaar sterven. Als je eenmaal lid bent van de orde, kan je er nooit meer bij weg. Een vrijmetselaar die weduwnaar wordt mag niet direct hertrouwen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1125, verhaal 29 (archief MI)

Commentaar

6 augustus 1974
Der Teufelsvertrag. Mann schliesst einen Vertrag mit dem Teufel, welcher ihm bei seiner Arbeit Hilfe leistet.

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Harmonie    Harmonie   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21