Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112717

Een mop (mondeling), donderdag 15 augustus 1974

Hoofdtekst

Der wie in man, dy kaem thús. Syn frou sei: "Hwat bist let."
"Ja," sei er, "sy ha myn fyts stellen, dat ik moest hielendal rinne. Sadwaende bin 'k sa let. Ik mat aenst mar nei de plysje ta", sei er.
Doe sei de frou: "Dat soe 'k mar net dwaen. Kinst better nei dûmny ta gean, dy wyt ornaris wol krekt hwat der yn 'e gemeente gebeurt. Miskien wit hy de dieder wol."
Dy doomny wenne noch mar krekt yn it doarp en koe de minsken allegearre noch net.
De man gong nei de pasterije ta, mar de doomny wie net thús. Doe sei er tsjin 'e faem: "Ik moest eins even mei de doomny prate, hwant sy ha myn fyts stellen, sjoch." De faem sei: "As doomny aenst thúskomt, sil ik it wol even tsjin him sizze."
Even letter kaem der wer in man by de pasterije, mei 't boadskip, dat syn frou overleden wie. De faem sei: "Doomny is net thús, mar as er aenst werom komt, sil ik him 't boadskip oerbringe."
Dy jouns kaem doomny by deselde man dy't it earst by de pasterije west hie. Mar hy miende dat er by de man wie dy syn frou forstoarn wie. Hy sei tsjin him: "Ik kondolear jo mei dit gefal. Ik winskje jo sterkte. 't Is o sa spitich, mar sokke dingen komme yn 't leven nou ienkear foar. Dêr matte jo yn birêste." Doe sei dy man: "Sa slim is 't net, doomny. 't Is mar in hiel âld kring, ik ried der hast noait mear op, mar myn jonges hienen it der noch wol op leare kind."

Onderwerp

VDK 1843A* - De gestolen fiets    VDK 1843A* - De gestolen fiets   

Beschrijving

Man laat bij dominee boodschap achter dat hij met hem wil praten over zijn gestolen fiets. Dominee verwisselt hem met man wiens vrouw is overleden. Hij betuigt de man zijn deelneming, waarop de man zegt dat het een oud kreng was waar hij nog maar weinig op reed, maar dat zijn zoons het er nog wel op hadden kunnen leren.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1127, verhaal 17 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

15 augustus 1974
De gestolen fiets

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21