Hoofdtekst
Jehannes van der Zee wenne op 'e Sumarreheide. Hy wie arbeider by Sjoerd Jelkes Algra. Jehannes wie in beul fan in keardel. Hy mishandele it fé. Hy skopte en trape de dieren. Hy wie ôfgryslike wreed. Hy wie rûch en rou en bot. Hy flokte as in ketter.
Elke moarn om fjouwer ûre wied er by de boer. Dan kloppe er altyd by de boer op 'e doar.
Op in moarn sei de boer: "Hwat soe der mei Jehannes wêze? Hy kloppet net."
Doe hearde hy, dat Jehannes om help rôp. 't Wie in hiel bang lûd. Doe't er seach, hie der hyltyd in great, swart ding om Jehannes hinne roan.
Dêr hie Jehannes sa bang foar west, dat hy hie de boer roppen, dy't by him yn 'e skuorre kaem.
Doe hie de boer him yn 'e skuorre litten. Hy gong yn 'e hûs om 'e klean oan to dwaen.
Wylst de boer him oanklaeide, tocht er: "Hwat der nou gebeurt yn 'e skuorre, wyt ik net." Hy der wer hinne en doe wie Jehannes oan it dak ta smiten woarn, kear op kear en syn klompen wienen yn barrels. 't Wie de duvel dy't him omseame.
Hy koe net mear werke. Wikenlang is er thúsbleaun.
Nei dy tiid wie er bikeard. Hy is grifformeard woarn. Hy roan letter altyd mei in stok. Dat hied er oan 'e duvel to tankjen.

Onderwerp
SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   
Beschrijving
Een ruwe, vloekende zondaar die vaak dieren mishandelt wordt op een keer lastiggevallen door de duivel. De duivel - een zwarte gedaante - grijpt hem en smijt hem tegen de zoldering aan. De man is zo erg toegetakeld dat hij wekenlang thuis moet blijven. Na zijn genezing bekeert hij zich en sluit hij zich aan bij de gereformeerde kerk. De man loopt sinds de aframmeling door de duivel met een stok.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1128, verhaal 27 (archief MI)
Commentaar
onbekend
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).
Naam Overig in Tekst
Jehannes van der Zee   
Sjoerd Jelkes Algra   
Jehannes   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21