Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113123

Een mop (mondeling), donderdag 22 augustus 1974

Hoofdtekst

Der wie in doomny, dy hie altyd in tsjerkefol folk.
Mar op in kear hâldde de koster him oan en sei: "Doomny, jo foldogge tige goed, mar, ik siz it jo yn bitrouwen, der binne nochal hwat minsken, dy soenen graech ha dat jo hwat mear sjonge lieten.
Dat knope de doomny him yn 'e earen. De sneins dêroan, doe't er op 'e preekstoel stie, sei er: "Laat ons aanheffen met psalm 119." Dy psalm hat 88 fersen.
De minsken bigounen to sjongen. Doe sei doomny stiltsjes tsjin 'e koster: "Wy kinne wol even nei de pasterije ta om in bakje kofje, hwant sy binne dy psalm fuort noch net lâns."
Doe't se dêr in skoftsje sitten hienen to drinken, sei doomny: "Jo meije wol ris even sjen hoe't it liket." Doe gong de koster nei de tsjerke ta en seach om 'e hoeke. Doe wienen de lju oan 't sjongen mei it trettsjinde fers fan de psalm. Hy gong wer nei de pasterije ta en sei: "De minsken sjonge as klysters, doomny. Se ha de jassen der al by útlutsen en 't swit stiet har dik op 't gesicht."

Onderwerp

VDK 1831B* - De 119de psalm    VDK 1831B* - De 119de psalm   

Beschrijving

Een koster raadt de dominee aan de gemeente wat meer te laten zingen tijdens de diensten. De dominee laat de gemeente psalm 119 - 88 verzen - zingen en knijpt er met de koster tussenuit voor een kopje koffie. Als de dominee na de koffie weer eens een kijkje gaat nemen, zijn de gemeenteleden - het zweet stroomt van hun gezicht - net bij vers 13 aangekomen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1131, verhaal 23 (archief MI)

Commentaar

22 augustus 1974
De 119de psalm

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21