Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113211

Een sage (mondeling), vrijdag 23 augustus 1974

Hoofdtekst

Dêr yn Den Helder dêr stie in herberch. De kastlein hie alle jounen lêst fan 'e soldaten. Dy makken dêr in hieleboel heibel en sloegen soms alles koart en klien. Doe naem dy kastlein Hearke ûnder 'e earm, mei dy syn maet Sterke Fije fan Burgum. Hja mochten sêd drank ha as se him bystienen.
De oare deis setten Hearke en Fije op 'e herberch ta. Hearke sei tsjin 'e kastlein: "Jit my mar in buorreltsje yn." Dat die de kastlein. Doe soe Hearke it krije om 't op to drinken, mar ien fan 'e soldaten goaide de romer gau om.
Doe sei Hearke tsjin 'e kastlein: "Jow my in oaren-ien." Mar de twade buorrel woard ek omsmiten.
Dat gyng mei de trêdde krektsa.
Doe sei Hearke tsjin Fije: "Dû kinst wol goed heine, net?" Doe smiet er Fije ien foar ien de soldaten ta. En Fije dy smiet se wer ta de doar út, oer de wei hinne yn 'e berm.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Een kastelein schakelt twee sterke kerels - onder wie Sterke Hearke - in om een stel luidruchtige soldaten een toontje lager te laten zingen. Hearke gooit de mannen één voor één naar zijn sterke kameraad toe die ze op zijn beurt de herberg uitgooit.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1132, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

23 augustus 1974
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Hearke    Hearke   

Sterke Fije    Sterke Fije   

Fije    Fije   

Naam Locatie in Tekst

Den Helder    Den Helder   

Burgum    Burgum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21