Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115209

Een mop (mondeling), woensdag 03 augustus 1977

Hoofdtekst

Ik siet sûnder wurk. Dêrom gong ik op in middei nei in boer ta om to freegjen of dy ek wurk foar my hie. Mar de boer wie net thús, hy wie nei de bioskoop ta, sei de frou. De oare middeis gong ik der wer hinne, mar de boer wie ek dizze kear nei de bioskoop. De trêdde middei wie er wèr net thús, al wèr nei de bioskoop. De fjirde kear gong ik op in moarn dêrhinne, en ja hear, de boer stie efterhûs op 't hiem en wie oan 't wurk.
Ik sei tsjin him: Ik ha hjir trije middagen achter elkoar west. Jo wienen alle trije kearen nei de film ta, sei de frou.
Ja, dat komt út, sei de boer, dêr gean 'k elke middei hinne. Dat is nuver, sei 'k, 't is ommers hyttyd deselde film dy't dêr draeit. Is dy dan sa moai?
Och, dat wit ik net, sei de boer, mar dêr spylje twa forduld moaije froulju yn en dy geane dan nei de fiver ta to swimmen. Hja klaeije har dêr út. Mar krekt as it lêste út moat, is de trein der en dy rydt dêr krekt foar lâns. Dan is der neat to sjen. Dêrom gean ik der hyltyd hinne yn 'e hoop dat de trein ris in kear 5 minuten vertraging hat, dan kin ik alles sjen.

Beschrijving

Een boer gaat elke middag naar de bioscoop om dezelfde film te zien. Als zijn knecht hem daarop aanspreekt, vertelt de boer over twee mooie vrouwen in de film die zich uitkleden om in de vijver te zwemmen. Juist als de vrouwen bij het laatste kledingstuk beland zijn, raast de trein voorbij. De boer hoopt dat de trein eens vijf minuten vertraging zal hebben, zodat hij alles kan zien.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

3 augustus 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21