Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115221

Een mop (mondeling), woensdag 03 augustus 1977

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy wenne op in lyts spultsje, dy sei ris tsjin syn wyfke: Wy moasten eins in feintsje ha, dan koenen wy folle mear meitsje." Hja hienen ek in dochter. It wyfke sei: "Wy ha mar twa bêdsteden, hoe mat it dan mei it sliepen?" De boer prakkesearre efkes, doe sei er: "As wy in feint hiere dy't net al to gochem is dan kin dy wol by ús Grytsje sliepe."
Grytsje wie 18 jier âld.
Doe liet dat boerke in adfortinsje yn 'e krante sette, dêr't trije op ôf kamen. De boer tochte: Ik mat sjen gewaer to wurden hwa fan 'e trije it ûnnoazelste is. Hy helle in kou fan 'e stâl en brocht dy op 't hiem en dêr brocht er de bolle by. Doe't de bolle op 'e kou gong frege er oan 'e earste kandidaet: "Hwat docht de bolle?"
"Dy bolle soarget der foar dat jo boer bliuwe", sei de feint. De boer tochte: "Dy mat ik net ha, dy is to snoad."
Hy die deselde fraech oan 'e twade feint. Dy antwurde: "De bolle soarget foar de voortplanting." "Dy mat ik èk net ha", tocht de boer.
Doe kaem de trêdde oan 'e beurt, dy seach der hwat ûnnoazel út. De boer frege: "Hwat docht de bolle?"
"De bolle sjocht as der oan 'e oare kant fan 'e koe ek noch hwat gjers stiet", antwurdde de trêdde.
"Dy mat ik ha", tocht de boer, en de feint waerd oannaem.
Earst gong it allegearre goed. Mar doe't de feint dêr in pear wiken west hie kaem de feint net sa hurd mear út it bêdsté, as de boer him rôp. Op in moarn doe't er wer net sa gau kaem op 'e boer syn roppen tocht de boer: ik sil him der ôfhelje. Hy docht de bêdstédoar iepen en hy sjocht dat it los is tusken de beiden. De boer freget: "Hwat dochstû dêr, Gerrit?"
"Ik seach even oan 'e oare kant fan Grytsje of dêr ek noch tekkens wienen", wie 't antwurd.

Onderwerp

AT 1545B - The Boy who Knew Nothing of Women    AT 1545B - The Boy who Knew Nothing of Women   

ATU 1545B - The Boy who Knew Nothing of Women.    ATU 1545B - The Boy who Knew Nothing of Women.   

Beschrijving

Een boer en een boerin willen graag een knecht nemen. De enige mogelijkheid is dat de knecht bij hun dochter slaapt omdat ze maar drie slaapplaatsen hebben. De boer besluit hierop een onnozele knecht aan te nemen die te dom is om zich aan de dochter te vergrijpen. Er komen drie sollicitanten. De boer neemt de derde die voorwendt niet te weten wat de stier met de koe doet. De knecht denkt dat de stier over de koe heenkijkt om te zien of er aan de andere kant ook gras groeit. Als de boer de knecht betrapt met zijn dochter, verklaart de knecht dat hij alleen maar even keek of aan haar andere kant ook dekens lagen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 21 (archief MI)

Commentaar

3 augustus 1977
The Boy who Knew Nothing of Women

Naam Overig in Tekst

Grytsje    Grytsje   

Gerrit    Gerrit   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21