Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115407

Een mop (mondeling), woensdag 10 augustus 1977

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie in feint en in faem en noch in lytsfeint. Dy feint en dy faem dy gongen faek togearre nei 't hea ta as de boer to praten wie. Dat krige dy boer yn 'e gaten en hy woe wolris wite hwat dêr dan yn 't hea gebeurde. Dêrom sei er op in kear tsjin 'e lytsfeint: "Dû kinst in healpoun tabak en pear nije klompen fan my krije astû in joun yn 'e hoannebalken op it dol sitten gean wolst en dan goed sjochste hwat de feint en de faem dêr yn it hea dogge.
Deselde jouns gong de boer fuort to praten en de lytsfeint gong boppe op it dol sitten. Efkes letter, dêr kamen de faem en de feint oan. Se gongen yn 't hea lizzen en dat rekke dêr los tusken dy twa.
Dan seit de faem: "Mar as der ris hwat fan komt, hwat dan?"
"O, dat is neat," seit de feint, "dêr rêdt dyselde dêr boppe wol mei."
De lytsfeint, dy't tochte dat hy dêr mei bidoeld waerd, rôp: "Om 'e donder net! Net foar in healpoun tabak en in pear klompen!"

Onderwerp

AT 1355C - The Lord Above Will Provide    AT 1355C - The Lord Above Will Provide   

ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.    ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.   

Beschrijving

Een boer geeft een knechtje opdracht een meid en een knecht te bespieden die zich altijd terugtrekken in het hooi. De boer stelt het knechtje een half pond tabak en een paar nieuwe klompen in het vooruitzicht. Als de knecht en de meid geslachtsgemeenschap hebben in het hooi, vraagt de meid zich bezorgd af wat ze zal moeten doen 'als er iets van komt'. De knecht stelt haar gerust door te zeggen dat 'Hij daarboven' wel voor haar zal zorgen. 'Om de donder niet!' klinkt de woedende stem van het knechtje 'niet voor een half pond tabak en een stel klompen!'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1154, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

10 augustus 1977
The Lord Above Will Provide

Naam Overig in Tekst

God    God   

Hij    Hij   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21