Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115602

Een sprookje (mondeling), dinsdag 16 augustus 1977

Hoofdtekst

Yn 'e bosk wienen de beammen oan 't forgaderjen. Hja namen it bislút dat se in koaning ha woenen. Doe gong der earst in kommisje nei de figebeam ta. Hja fregen him oft er koaning wurde woe.
"Né," sei de figebeam, "ik haw it to drok om myn figen to meitsjen sadat de minsken se opite kinne."
Doe gongen se nei de flearbeam ta. Dy sei: "Né," sei de flearbeam, "ik haw it to drok om beijen to meitsjen, sadat de fûgels se opite kinne."
Doe gongen se nei de bananebeam ta, en dy fregen se itselde. "Né," sei de bananebeam, "ik wol gjin koaning wurde, ik haw it to drok om bananen to meitsjen, sadat de apen se ite kinne."
Har ried to'n ein gongen doe de kommisjeleden nei de hagedoarn ta. Doe't se de hagedoarn fregen oft er koaning wurde woe fan 'e beammen sei dy: "Jawol, mar ik haw dizze bitingst. Jimme matte alles dwaen hwat ik wol. En as jim dat net dogge, dan stek ik jim mei myn toarnen."
Dêr gongen se akkoard mei. En sa waerd de hagedoarn de koaning fan 'e beammen.

Beschrijving

In het bos vergaderen de bomen om uit hun midden een koning aan te wijzen. De vijgenboom, de vlierboom en de bananenboom weigeren omdat ze het te druk hebben met het maken van respectievelijk vijgen, bessen en bananen. De haagdoorn wil wel koning worden, maar onder één voorwaarde: als de andere bomen niet zullen doen wat hij zegt, zal hij hen steken met zijn doornen. De bomen gaan akkoord: de haagdoorn wordt koning.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1156, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

16 augustus 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21