Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117411

Een sage (mondeling), zondag 06 augustus 1978

Hoofdtekst

Hwerom it wetter fan 'e sé sâlt is.
Dêr wienen ris twa bruorren. De iene wie tige ryk en wenne oan 'e kant fan 'e sé. De oare wie och sa earm en wenne heech yn 'e bergen. De rike wie boer en de earme wie houthakker.
By de houthakker wie 't faek earmoed. Sa wie 't ek ris yn in stringe winter. Gewoanlik brocht er hout nei de haven ta om dat to forkeapjen, mar doe lei der net in inkel skip yn 'e haven. Alles wie biferzen, der koe net in skip farre.
De frou hie gjin iten yn 'e hûs en de bern hienen honger.
De earme houthakker wie wol needsake om nei syn rike broer ta to gean om hwat iten, mar dêr seach er bot tsjin oan, hwant syn broer wie altyd hounsk tsjin him en bispotte him fanwege syn earmoed.
Hy kaem by syn broer oan 'e doar, mar hy waerd der net ynlitten. Hy sei tsjin him: "Wacht mar even, ik sil dy wol hwat jaen." Doe helle er in woarst út 'e skoarstien en brocht dy by syn earme broer. "Dêr hast hwat," sei er, "dan mast hjir noait wer komme." De houthakker giet wer op hûs ta. It is in hiele klim nei boppe ta, dat op healwei rêst er even út. Hy giet op 'e stobbe fan in beam sitten, dy't omwaeid is.
Dêr sit in gat ûnder dy stobbe en dêr komt in ierdmantsje út to foarskyn mei in lang burd.
Dat ierdmantsje seit tsjin 'e houthakker: "Hwat rûkt it hjir lekker." Dan sjocht er de woarst en hy seit: "Hwat wolst dêr foar ha?"
Dat wit de houthakker sa gau net. Mar it ierdmantsje seit: "Kom mar mei nei binnen."
En dan geane se togearre troch it gat en dan komme se yn in greate keamer. Dêr steane allegearre ierdmantsjes oan wearskanten tsjin 'e muorre oan en de koaning sit op 'e ein op in troan. De koaning sjocht de woarst en freget de houthakker hwat dy der foar ha wol.
De houthakker wist it net.
Mar der hong achter de balken in âld mountsje. "Of wy dy dit der ris foar jowe," sei de koaning, "hwant dat is in hiel apart ding. Ast dêr tsjin seiste: 'Mountsje, meal', dan bigjint dat mountsje sâlt to struijen. En it hâldt pas wer op ast seiste: 'Mountsje, stop.'"
De houthakker naem it mountsje oan en de koaning krige de woarst. De earme houthakker gong mei 't mountsje nei hûs ta. Hja hienen gjin iten. Mar hy mealde gau hwat sâlt en forkocht dat. Doe hie er jild om iten to keapjen.
Mei dat mountsje krige dy houthakker in goeije jildwinning. Hy koe krekt safolle sâlt mealle as er mar woe en dat waerd, doe't de winter oer wie yn skippen laden en foar in goeije priis forkocht. De earme houthakker kaem dêrtroch ta wolstân.
Syn broer waerd dat gewaer. Dy koe it net ha dat it de houthakker sa bêst gong, en hy stiel op in nacht dat mountsje. Mar hy hie wol yn 'e gaten, dat er dat mountsje hjir net brûke koe, hwant dan hienen de plysjes gau yn 'e gaten dat hy it wie dy't it mountsje stellen hie. Hy moest der dus mei nei it bûtenlân ta.
Tafallich lei der in skip op 'e ré. Dêr krûpt er yn as in stille passagier. De kaptein wit fan neat.
De plysje, dy't nei him socht, koe him net fine.
De oare moarns fart it skip de sé yn. De dief sit ûnder yn 't skip. Se binne noch mar krêkt bûten of hy nimt it mountsje yn 'e hân en seit: "Mountsje, meal."
Rrrt - dêr giet it hinne - It is allegearre sâlt. Op 't lêst seit er: "Mountsje, hâld op." Mar it mountsje draeit troch. Hy hie sizze matten: "Mountsje, stop!" Mar dat wist er net. Dêr komt hyltyd mear sâlt yn 't skip. It hâldt mar net op. It wurdt in hiele hoop, en der komt al mar by. It skip komt hyltyd djipper to lizzen. De kaptein sjocht, dat it sinke sil en giet der mei de oare bimanning ôf yn in boatsje. Doe is dy rike broer mei 't skip forsûpt. Dat skip leit noch altyd op 'e boom fan 'e sé en dêr leit dat mountsje yn, dat altyd mar trochdraeit. It wetter stroomt oer it sâlt hinne, en dêr wurdt de sé sa sâlt fan.

Onderwerp

SINUR 0007B - Warum das Meer zalzig ist    SINUR 0007B - Warum das Meer zalzig ist   

Beschrijving

Waarom het water in de zee zout is: een arme houthakker wordt altijd berispt en bespot door zijn rijke broer die boer is. De arme houthakker krijgt op een keer een zoutmolentje van een stel aardmannetjes. Omdat het molentje na het uitspreken van de woorden 'Molentje, maal' direct zout begint te strooien, is het met de armoede van de houthakker gedaan omdat hij voortaan altijd zout heeft om te verkopen. De rijke broer is erg jaloers op het molentje en besluit het te stelen. Na de diefstal scheept hij zich gelijk in om elders zijn geld met de verkoop van zout te verdienen. Als hij de bekende woorden uitspreekt, begint het molentje gelijk zout te produceren. De rijkaard weet echter niet hoe hij het molentje moet laten stoppen met malen en al gauw is de hele boot volgelopen met zout. De boot begint te zinken en de rijkaard komt om. Het molentje ligt in het scheepswrak op de bodem van de zee en draait nog steeds - al zout producerend - door. Sindsdien is de zee zout.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1174, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

6 augustus 1978
Warum das Meer zalzig ist

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21