Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ119901

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der moest in lyk ophelle wurde út Readhuzum wei.
It wie striemin waer. It gebeurde yn dy tiid noch mei in lykwein, in koets, mei in hynder der foar.
It reinde dat it easde en dêr roun in man op 'e wei.
Doe't dy de lykkoets seach, tocht er: ik spring yn 'e wein en gean op 'e kiste sitten; dat is altyd better dan my wiet reine to litten.
Dat hy gong sitten, sûnder dat de koetsier der hwat fan fornaem hie. Doe't er sa in eintsje riden hie, sei er ynienen tsjin 'e koetsier op 'e bok: "Min waer, net!"
De koetsier waerd der net oars fan doe't er in stim út 'e wein hearde. Hy sei: "Hâld dy de bek mar. Dy't dea is, mat dea bliuwe."

Onderwerp

VDK 1318D* - De stem uit de doodkist    VDK 1318D* - De stem uit de doodkist   

Beschrijving

Een man springt bij noodweer op een passerende lijkwagen om droog te zitten. Als hij de koetsier kort daarop aanspreekt over het slechte weer, vindt de koetsier dat doden hun mond maar moeten houden.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1199, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

?
De stem uit de doodkist

Naam Overig in Tekst

Readhuzum    Readhuzum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21