Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ120006

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wenne op it Hegelân yn Jistrum in jonge, dat wie net ien fan 'e snoadsten. Hy wie hwat oan 'e ûnnoazele kant. Dy jonge wie 22 jier en bimuoide him noait mei de froulju.
Doe gebeurde it, dat er allegearre pûkels om 'e holle krige. Doe gong er nei dokter ta. Dokter sei: "Ja, jonge, hjir is gjin medesyn foar. Dû mast ris goed mei in frou op stap."
"Ja, mar," seit de jonge, "ik ha gjin frou."
"Nou," sei de dokter, "dan giest mar ris in kear nei Ljouwert ta en dan fregest dyn heit mar om bûsjild."
Syn heit jowt him in tsientsje en seit: "Dû giest dêr mar mei nei Ljouwert, nei de froulju."
De jonge stapt op 'e fyts en set op Ljouwert yn.
Mar as er yn Hurdegaryp is, tinkt er: "ik gean even by beppe oan, om in bakje kofje." Syn beppe wenne dêr yn Hurdegaryp.
Beppe seit: "Hwat silstû?"
Hy fortelt har, dat er nei de froulju yn Ljouwert sil om in nûmerke to meitsjen.
Dan seit beppe: "Jonge, hat jimme heit dy in grou tsientsje meijown? Jow my dêr mar f5 fan, dan hoechst net nei Ljouwert ta. Dan kinst it wol mei my dwaen."
Dat gong oan en doe't it dien wie sette hy werom op Jistrum ta.
Doe sei syn heit: "Hastû nou al nei Ljouwert ta west?"
De jonge seit: "Né, ik ha 't even mei beppe dien yn Hurdegaryp."
Syn heit seit: "Hwat bliksem, dû hast myn mem dochs seker net naeid?"
Hy sei: "Hwat soe dat - heit naeit myn mem dochs èk."

Beschrijving

Een dokter raadt een onnozele jongen die veel last heeft van acné aan zich eens flink met vrouwen bezig te gaan houden. Zijn vader geeft de jongen een tientje om een prostituée in Leeuwarden te bezoeken. Als de jongen onderweg nog even koffie drinkt bij zijn grootmoeder, zegt die dat de jongen haar beter vijf gulden kan geven. De jongen hoeft niet helemaal naar Leeuwarden toe omdat de grootmoeder voor vijf gulden wel bereid is een nummertje met hem te maken . Als de jongen weer thuiskomt, zegt hij tegen zijn vader dat hij het met grootmoeder heeft gedaan. Als vader boos is omdat de jongen het met zijn moeder gedaan heeft, werpt de jongen tegen 'Jij doet het toch ook met mijn moeder?'.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1200, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

?

Naam Overig in Tekst

Hegelân    Hegelân   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Jistrum    Jistrum   

Hurdegaryp    Hurdegaryp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21