Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122205

Een mop (mondeling), donderdag 16 augustus 1979

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie nei de merk ta west. Dêr hied er trije kij forkocht, dy't noch by him thús op 'e stâl stienen.
Doe't er thús kaem, sei er tsjin 'e frou: "Tink der nou om, as se aenst komme om dy kij to heljen, en ik bin der net, dan mastû dy kij net ôfleverje sûnder sinten, hear."
Dat biloofde 't minske.
Doe kamen de kooplju om de kij to heljen. De boer wie fuort.
De frou sei: "Ik mei dy kij net ôfleverje sûnder sinten, hat de boer sein."
"Nou," seinen se, "dat is suver neat. Wy hawwe tafallich gjin jild by ús, mar witt' jo hwat wy dogge? Wy nimme twa beesten mei en de trêdde litte wy hjir as pand achter. Wy bitelje dan dy twa as wy de trêdde kou ophelje."
Dêr gong it minske akkoard mei, dat de kooplju setten mei twa kij ôf, sûnder biteljen.
Doe kaem de boer thús. It minske fortelde him hoe't sy it hawn hie.
"Dû bist noch dommer as in kou!" rôp de boer. "Dizze beide kij ha se en de trêdde helje se noait. Hast dat net troch?"
Dat wie dus dommer as dom.

Onderwerp

AT 1385 - The Foolish Wife's Pawn    AT 1385 - The Foolish Wife's Pawn   

ATU 1385 - The Foolish Wife’s Security    ATU 1385 - The Foolish Wife’s Security   

Beschrijving

Een boer verkoopt op de markt drie koeien. Omdat de drie dieren nog bij hem thuis op stal staan, waarschuwt hij zijn vrouw de koeien niet mee te geven voor er geld gegeven wordt. Als de kooplui verschijnen om de koeien te halen, vertelt de vrouw hen dat ze geen koeien mag meegeven zonder dat er geld betaald is. De kooplui stellen hierop voor alvast twee koeien mee te nemen en de derde achter te laten als 'pand'. Als ze de derde koe komen ophalen, zullen ze het gehele bedrag voldoen. De vrouw stemt toe. Als de boer thuiskomt, verwijt hij zijn vrouw dat ze 'dommer dan een koe' is omdat de kooplui natuurlijk nooit terugkomen voor de derde koe omdat ze met twee gratis koeien al heel tevreden zijn.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1222, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

16 augustus 1979
The Foolish Wife's Pawn

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21