Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ126806

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

't Wie yn 'e simmer. 't Boerefolk wie drok yn 't hea oan 't skreppen. It hea stie al foar in part yn greate bulten. Hja wienen mei man en macht oan 't skreppen, hwant der hongen swiere loften. De faem kaem krekt mei kofje en iten. De loft waerd roetswart. Der kaem in swiere bui oansetten.
De boer sei: "Sjoch dat jim thús komme, allegearre, hwant it wurdt needwaer."
Allegearre seagen se om in hinnekommen, mar ien fan 'e feinten wie net sa hastich, die woe 't karweike earst dien ha dêr't er mei dwaende wie, foardat de bui kaem.
Ek de faem wie noch net fuort. Dy skarrele mei de koppen en tsjettel ensa om om dat wer yn to pakken.
De oaren wienen al fuort.
De tongerbui kaem fluch opsetten. 't Bigoun to spielen.
De feint krûpte gau ûnder in bult hea. De faem wie bang foar swier waer en krûpte by de feint ûnder 'e bult.
Doe't de bui oer wie, sei de boer tsjin 'e lytsfeint: "Dû mast even sjen hoe't it is mei de faem en de feint."
De lytsfeint gong it lân yn en foun de bult dêr't de beiden ûnder krûpt wienen. Hy kaem werom mei 't boadskip: "De faem leit dea en de feint leit mei de kont to wippen."

Beschrijving

Een boerenknecht en -meid hebben geslachtsgemeenschap als ze samen schuilen voor een onweersbui. Als de jongste knecht er door de boer opuit wordt gestuurd om hen te zoeken, is zijn commentaar als hij hen gevonden heeft 'De meid ligt voor dood en de knecht ligt met de billen te wippen'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1268, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

?

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21