Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ083008

Een sage (mondeling), vrijdag 21 augustus 1970

Hoofdtekst

Doe't de tsjerke yn Surhuzum restaureard woarde kommen dêr boven 16 balken yn to lizzen. Dy leinen 8 x 25 cm fan elkoar. Doe kom dêr in skipperssoan yn dy tsjerke. Dy wie kreupel. Dy giet by de leider op dy't tsjin 'e fierste balke oan stiet en hy giet op de fierste balke stean. Dan springt er op 'e twadde. Hy màt trochspringe, oars falt er. Hy springt op 'e trêdde en de fjirde en sa fierder, krekt salang oant er op 'e ein is, dêr't er him beethâlde kin. De minsken dy't it seagen hâldden de siken yn. Elkenien tocht dat er dea delkomme soe. Letter is dy skippersoan fuortfard mei 't skip nei Dokkum ta. Hy is letter troch sykte stoarn.
Hy woe rêste njonken 'e tsjerke yn Surhuzum, op 'e súdkant, fuort by de doar. Dat is ek gebeurd. Op elke hoeke fan 'e stien stiet in deadskop.
Der stiet yn beitele:
Deze jonge man betrad de kerk zeer wankelbaar.
Hij sprong van de ene balk op de andere.
Deze lagen verspreid, zestien in getal;
acht houtvoet overal.

Beschrijving

Een kreupele schipperszoon verbijstert omstanders door in de nok van de kerk van balk naar balk te springen. Er staat ook een rijmpje over het voorval in een steen gebeiteld.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 830, verhaal 8 (archief MI)

Commentaar

21 augustus 1970

Naam Locatie in Tekst

Surhuzum    Surhuzum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21