Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ087201

Een sage (mondeling), zaterdag 07 augustus 1971

Hoofdtekst

Yn Marum (= Marrum) op 'e Auke-pleats wenne myn pake Auke Greydanus. Yn dy tiid dat pake dêr wenne hat de boel dêr bitsjoend west. De kij stienen altyd to razen op 'e stâl. De doarren klapperen de hiele nacht troch, by blêdstil waer. Elke kou wie in kealforlizzer. De hiemhoun lei op in moarn kroandea yn 'e jister.
It wie wol sa'n slimme tastân, it koe sa net bliuwe.
Doe gong pake Auke nei de Wâlden ta, nei in duvelbanner. Dy sei, pake Auke moest in oar noait wer hwat útliene en in oar noait wer hwat jaen. Hy moest altyd mar sizze: Né, né, né. En de doarren moest er jouns ier op slot dwaen.
Pake wie sa'n guodlike man, der kaem noait ien by him foar de winige doar. Hy liende al syn ark út en hy krige it faek stikken werom. Hy hie alles foar in oar oer. Kuorkerinders, dy slepten altyd by him yn 't hea. De arbeiders krigen ierappels en wolris in stik spek, en al sahwathinne.
Mar doe is er dêr dan mei ophâlden. Sy ha syn kessen iepenmakke en dêr sieten krânsen yn. Allegear lapkes sieten der tusken de fearren yn allerhande kleuren. 't Wienen lapkes fan 'e klean dy't se dêr droegen. Dy krânsen ha se opbrând. Oars wie pake Auke der oangien.
De duvelbander hie sein, der wie ien frou, dy mocht dêr persé net wer komme. Dat wie de tsjoenster. 't Wie Kûpers Tsjitske, dy wenne op 'e sédyk. Dy wie tige froom op har wize, en har man ek, mar men moest har yn 'e gaten hâlde. Tsjitske hie de rin wol by pake en dy.


Onderwerp

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

Beschrijving

Een boerderij was betoverd. De koeien stonden er altijd te razen, de hond werd dood gevonden, de deuren klapperden zelfs bij windstil weer. De boer vroeg raad aan de duivelbanner. Die zei dat hij anderen niet meer van alles moest geven en niet meer moest helpen. Ook mocht hij een bepaalde vrouw niet meer binnen laten. En de krans die ze in zijn kussen vonden, hebben ze verbrand.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 872, verhaal 1

Commentaar

7 augustus 1971
Heksenkrans in kussen

Naam Overig in Tekst

Auke Greydanus    Auke Greydanus   

Wouden    Wouden   

Kûpers Tsjitske    Kûpers Tsjitske   

Naam Locatie in Tekst

Marum    Marum   

Marrum    Marrum   

Wâlden    Wâlden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21