Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ087507

Een sage (mondeling), vrijdag 06 augustus 1971

Hoofdtekst

Yn Fryslân wenne in boer mei syn frou, dy hienen hast fiif en tritich jier troud west. Mar de frou wie to fûl om in feest to jaen. Dat kostte har tofolle sinten. It mocht harren oars tige skoan barre hwant sy hienen och sa sunich leefd en allinne mar tocht oan jildwinnen en sparjen.
Doe sei de frou op in moarn by de moarnsbrogge: "Sa lang wy troud binne ha wy noch noait in kear fuort west, dat my tinkt, 't wurdt nou ek wolris tiid. 't Is hjoed ús troudei. Ik ha lêzen, der is in totoanstelling yn Amsterdam."
"Nou," sei de boer mei in sucht, "dan matte wy dêr mar hinne."
De frou sei: "Dan matte wy aenst op stap, hwant it is hjoed. 't Stiet yn 'e krante."
De boer bisocht der noch foar wei to kommen. Hy sei: "Ik ha in kou, dy is oan 't kealjen ta. 't Is in bêste stamboekkou."
Mar de frou sei der fuort oerhinne: "Wy ha in bêste arbeider, dy hat like lang by ús west as dat wy troud binne, dy kin dêr wol op passe."
Doe soe 't dan mar oangean.
Mar de boer praette mei de arbeider ôf, sadré de kou tarieding makke om to kealjen, moest er dat en dat nûmer belje yn Amsterdam, dat wie it hotel, dat se yn útfanhûzje soenen.
"Hwant," sei er, "ik wol der by wêze as dy kou keallet."
De boer en 'e frou wienen noch mar krekt goed en wol yn 't hotel yn Amsterdam of dêr wie 't al sa. De kou makke tarissing, dy woe kealje.
De boer woe graech op syn fluchst nei hûs ta en dat koe allinne mar mei de fleanmesine. Mar doe't er hearde hwat him dat kostje moest wie him dat fiersto djûr. Hy gong nei de piloat ta en hy seurde oer 't jild. De piloat tochte: ik sil dy wol krije jong, dû sunige Piter. Hy sei tsjin 'e boer: "Ik sil mei dy fleane, mar dan silst gjin lûd jaen. Ast' dy de hiele reis stil hâldste meist forgees mei. Oars mast dûbeld bitelje."
Dat nom de boer oan en hy stapte mei 't wiif yn.
Boppe de Iselmar makke de piloat de allerraerste kunsten mei de fleanmesine. Dan wer gong er mei 't tastel oerside, dan wer op 'e kop en al sa mear. Hy tûmele raer troch de loft. Mar de boer sei gjin wurd. Hy hâldde him stil.
Doe wienen se op 't lêst boppe Ljouwert.
Doe sei de piloat: "Jo ha 't earlik woun. It falt my ta, ik hie 't net tocht."
"Nou," sei de boer, "ik wol jo dit wol sizze, it hat al even in toer west. Ik koe my hast net stil hâlde, doe't myn wiif der út foel."


Beschrijving

Een piloot zei tegen een gierige passagier dat hij gratis mee mocht vliegen als hij onderweg zijn mond zou houden. Anders moest hij het dubbele betalen. De piloot haalde onderweg allemaal kunsten uit, maar moest de man zijn complimenten maken dat hij de hele weg stil was geweest. De man antwoordde dat het best even moeilijk was geweest, toen zijn vrouw uit het vliegtuig viel.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 875, verhaal 7

Commentaar

6 augustus 1971

Naam Locatie in Tekst

Iselmar    Iselmar   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Fryslân    Fryslân   

Friesland    Friesland   

Amsterdam    Amsterdam   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21