Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ089101

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Jehannes van der Zee wie in hiele raren-ien. It koe him net folle skele hwat er sei, hy hie de spot mei alles. Hy wenne oan 'e Hearrewei yn in âld dûbeld hûs, flak by de Skieding, skean tsjin bakker Welling oer. Dat hûs is dêr nou wei. Dêr stiet nou in boereplaets. Op it hiem fan dy plaets, dêr stie doe it húske fan Jehannes van der Zee.
Jehannes wie boerearbeider by Jelle Algra, dy't yn 'e greate plaets njonken de tsjerke to Sumar wenne. Alle moannen moest er dêr hinne rinne.
Hy hat my sels forteld hwat hy ris op in kear bileefd hat. Hy wie op in moarn op 'e Harsteloane - tusken 't Café fan Teunissen en de hoeke to Sumar, dêr't de wei opgiet nei Drachten ta. Doe kom der ien njonken him. Hy koe net sjen hwat it wie. 't Like op in dier, mar soms ek wol wer op in minske. 't Wie raer genôch, sa sit it al. Neffens Jehannes hat it de duvel west.
Jehannes fortelde: Ik sei tsjin him: "Morgen."
Doe sei dy oare neat werom.
Ik sei wer: "Morgen."
Wer sei er neat.
Op 't lêst sei 'k: "Kinstû, duvel, net prate? of wòlst net prate?"
Der woarde wer neat sein.
Doe woarde ik bang. En sa gong 't ek wer by my wei.


Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Op een vroege ochtend kwam er iets naast een man lopen. De man kon niet zien of het een dier of een mens was. Het antwoordde niets op zijn groet.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 891, verhaal 1

Commentaar

Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Overig in Tekst

Jehannes van der Zee    Jehannes van der Zee   

Skieding    Skieding   

Jelle Algra    Jelle Algra   

Teunissen    Teunissen   

Naam Locatie in Tekst

Hearrewei    Hearrewei   

Scheiding    Scheiding   

Welling    Welling   

Harsteloane    Harsteloane   

Sumar    Sumar   

Suameer    Suameer   

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21