Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ092602

Een sage (mondeling), dinsdag 12 september 1972

Hoofdtekst

Tsjoensters hienen je froeger oeral. Yn Kollumersweach wienen ek guon. Hja makken krânsen yn 'e bêdden dêr't de minsken op sliepten. Dy moesten der úthelle wurde, oars kom 't forkeard. Meastal wienen it lytse bern dy't bitsjoend woarden. Wie dat it gefal, dan gongen se faek nei Wopke fan Kûkherne. Dy moest de bern dan wer better meitsje. Meastal joech er in drankje foar sa'n bern mei. Mar dêr moesten se goed op passe, hwant ûnderweis wie der faek ien dy't in raem op it drankje dwaen woe. Dat wie dan de tsjoenster yn in oare gedaente. Faek foroare in tsjoenster har yn in kat. Dêr moest men foar oppasse.
De tsjoensters koenen op 'e biezemstôk ride. En se koenen troch alle lytste gatsjes komme, ek troch 't slotsgat.
De minsken leinen gauris duveldrek ûnder 'e drompel, mar yn myn jonge jierren hienen de bern ek faek in pûdtsje mei duveldrek op it boarst.


Onderwerp

TM 3104 - Duivelsdrek als afweer    TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   

Beschrijving

Heksen betoverden vroeger mensen en kinderen door kransen in hun kussens te toveren. De mensen kregen dan van de duivelbanner een drankje mee, waar ze voorzichtig mee moesten doen. Heksen konden zich in katten veranderen en ze konden door het sleutelgat huizen binnenkomen. Ook vlogen ze op bezemstelen. Om zich tegen toverij te beschermen, deed men duivelsdrek onder de drempel, en liet men het de kinderen in een zakje op hun borst dragen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 926, verhaal 2

Commentaar

12 september 1972
Duiveldrek als afweer

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Kollumersweach    Kollumersweach   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21