Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ093410

Een sage (mondeling), donderdag 14 september 1972

Hoofdtekst

't Wie yn 'e winter en wol hast 100 jier lyn tink. It frear bot en it jongfolk wie der allegear op redens op út. Oan 'e Mûzegroppewei by Rottefalle wenne in widner: Sytse Batema, mei soan en dochter. Dy soan wie der op út gong to riden. De dochter woe ek graech ride, mar dat woe de heit net lije. Hja moest thús bliuwe. Hoe't it fierder gong is wyt net ien. Se tinke dat de dochter har heit om 'e holle seurd hat, dat se to riden woe, hwant it stiet wol fêst dat de heit lulk woarn is. Hy hat de bile krigen en syn dochter de holle ynslein en doe hat er himsels mei in mes de hals útsnien.
It bloed lei op 'e houten flier. Se ha de flier skjin makke, mar 't bloed koe der net ôf. Doe binne se letter hinnegong en sy ha dat bloedplak der útsage. En sy ha der nije stikken hout yn set. Mar 't koe net helpe. It bloed kom wer yn 'e nije planken. Dat salang it hûs der stien hat sieten de bloedplakken dêr ek.

Onderwerp

SINSAG 1128 - Unausloschliche Blutflecken.    SINSAG 1128 - Unausloschliche Blutflecken.   

Beschrijving

Een vader verbiedt zijn dochter te gaan schaatsen. Ze blijft maar zeuren, waarop de vader een bijl pakt en het meisje het hoofd inslaat en daarna snijdt hij zichzelf de keel door met een mes. Het bloed op de houten plakken is niet schoon te maken en zelfs als er nieuwe planken zijn gelegd, blijven de bloedvlekken terugkomen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 934, verhaal 10

Commentaar

14 september 1972
Unausloschliche Blutflecken.

Naam Overig in Tekst

Sytse Batema    Sytse Batema   

Naam Locatie in Tekst

Mûzegroppewei    Mûzegroppewei   

Rottefalle    Rottefalle   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21