Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097402

Een sage (mondeling), vrijdag 19 januari 1973

Hoofdtekst

Alde Piter Kloosterman fan Garyp kom us by heit en dy to jounpraten. Doe fortelde hy, it berntsje fan syn buorlju hie tige siik west. Sy tochten, it bern kin wol ris bitsjoend wêze en doe toarnden se it kessen iepen. Doe kom dêr in krâns út.
Doe wienen dy lju by âlde Piter kom, as dy even foar it bern nei de duvelbanner ta woe. Dat koe Piter fansels min wegerje.
Doe joech dy duvelbanner him in drankje mei en sei: "Dû mast der om tinke, der komt dy aenst in dikke trijekleurige kat tomjitte en dy is fel op dy drank. As it fleske stikken rekket, is it bern dea.
It gong bêst ûnderweis nei hûs ta. Piter roan de Skeanpaden fan Sumarreheide del. Doe't er by ien fan 'e klaphekjes kom, wie dêr al in dikke trijekleurige kat. Mar Piter koe it drankje hiel hâlde en 't bern is wer better woarn.

Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

Beschrijving

Een heks had een kind ziek gemaakt door een krans in het kussen te toveren. De vader van het kind ging naar een duivelbanner en kreeg een drankje mee voor het kind. Hij moest het flesje heelhouden en weghouden van een driekleurige kat. Dit lukte en het kind werd weer beter.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 974, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 januari 1973
Het drankje van de duivelbanner

Naam Overig in Tekst

Piter Kloosterman    Piter Kloosterman   

Gayp    Gayp   

Naam Locatie in Tekst

Skeanpaden    Skeanpaden   

Sumarreheide    Sumarreheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21