Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103001

Een mop (mondeling), woensdag 30 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie in koaning dy makke ris in autotochtsje. Doe kaem er by in man dy wie oan 't sleatslatten. Dy helle allegear blubber út 'e sleat - 't wie swier wurk.
De koaning stoppe doe't er dy man seach.
"Hoe giet it?" frege er de arbeider.
"Bêst", sei dy.
"Dat is swier wurk net, dat jo dêr dogge", sei de koaning.
"Ja," sei de arbeider, "mar dat mei noch hinnebruije, dat it wurk hwat oan 'e swiere kant is. Mar it wurk wurdt sa min bileanne."
"Ja," seit de koaning, "sa hat elk syn swierrichheden al. Hwant ik meitsje ek net foar de grap in autotochtsje. Ik wol der èk wol even út. Oan 't hof falt it ek net ta. En de ûnderdanen, dêr binne guon by dy binne noait tofreden."
"Nou," sei de arbeider, "ik woe, dat ik ris in kear koaning wie. Dan soe 'k dêr gau foroaring yn ha."
Doe sei de koaning tsjin 'e arbeider: "Wite jo hwat? Wy ruilje moarn. Jo koaning, ik arbeider."
De arbeider waerd tige kjel. Hy hie net tocht dat it oangean soe.
"It giet troch," sei de koaning, "jo hawwe 't sels winske."
Zo gezegd, zo gedaan.
De koaning kaem de oare deis yn in moddersleat tolânne en de arbeider siet op 'e troan fan 'e koaning, mei allerhande hovelingen om him hinne.
Hy sei tsjin in lakei: "De earste minister mat binnen komme."
Dêr kaem dy al oan.
De arbeider frege him: "Hoe giet it?"
De minister sei: "'t Giet wol, majesteit, mar ik fortsjinje hwat to min."
"Soa", seit de koaning. Hy winket ien fan 'e lakeien en seit: "Bring dizze man hjir wei en siz dat er de kop kwyt mat."
Doe sei er tsjin 'e twadde lakei: "Bring de twadde minister."
Wer itselde forhaeltsje. Doe't er dy twadde minister frege hoe't it him gong sei dy: oars wol goed, mar hy fortsjinne to min.
Doe waerd dy ek fuortstjûrd mei 't bifel: de kop der ôf.
Doe liet de arbeider de trêdde minister komme.
Dy gong 't net better ôf.
Mar sa njonkenlytsen waerd it troch it hele paleis ruchtber hoe't de koaning mei de ministers ôfweefde, dat doe't de fierde by him roppen woarde wie dy op syn iepenst.
De arbeider frege: "Hoe giet it?"
"Wol goed, majesteit", sei de fierde minister. "Mar as wy nei de earme arbeiders sjogge dy't sa swier werke matte, dan fortsjinje wy dochs fierstofolle?"
"Tinkt jo," sei de koaning, "dan sille wy hwat fan jou fortsjinst ôf dwaen, om jo dêr in plezier mei to dwaen."
En sa liet de nije koaning alle ministers by him komme en allegear woenen se minder fortsjinje. Dat hâldde er sa de hiele dei fol.
De oare deis praette er wer mei de echte koaning, dy moest doe wer op 'e troan om to regearen. De koaning sei tsjin 'e arbeider: "Hoe hat it jo foldien?"
De arbeider sei: "Majesteit, it lân is ret. Jo hoeve net mear oer de jildsaken yn to sitten. Mar mei 'k jo freegje, hoe't it jo foldien hat?"
Doe sei de koaning: "It hat my min foldien. Ik ha de blierren yn 'e hannen sitten en ik bin sa warch as in maits. Mar ik bin bliid dat ik hwat fan jo leard ha, hwant nou wit ik hwat it bitsjut foar sa'n lyts leantsje sa swier arbeidzje to matten. Ik sil gau sjen dat dêr foroaring yn komt. Mar hoe hawwe jo 't eins hawn, dat it lân nou net mear yn 'e jildpine sit? Hoe ha jo dat regele mei de finantiën?"
Doe fortelde de arbeider hwat er mei de ministers dien hie.
"Ja, krekt," sei de koaning, "de kop mat der ôf."

Beschrijving

Een koning stopt bij een arbeider die de sloot aan het baggeren is en vraagt hoe het gaat. De baggeraar zegt dat hij helaas zo slecht verdient. De koning zegt dat ieder zijn moeilijkheden heeft, waarop de arbeider voorstelt te ruilen. Zo gezegd zo gedaan. De arbeider laat de ministers bij zijn troon ontbieden. De eerste drie klagen over hun slechte salaris, waarop hij ze laat onthoofden. Als dat eenmaal bekend wordt zegt de volgende dat hij juist teveel verdient. De arbeider laat het loon halveren en zo ook met alle volgende ministers. De volgende dag ontmoeten koning en arbeider elkaar weer. De koning heeft het zwaar gehad en heeft nu begrip voor de harde werkers. Hij zal wat aan hun loon doen. De arbeider vertelt dat het land gered is en er geen geldzorgen meer zijn. De koning is het ermee eens: de kop moet eraf.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1030, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

30 mei 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21