Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105003

Een mop (mondeling), donderdag 05 juli 1973

Hoofdtekst

Jan Hepkes mocht graech in slokje. It wie eins sa dat hy him wolris hwat to bûten gong. Jan seach yn dat it sa net langer koe en doe waerd er lid fan 'e blauwe knoop. Dy knoop spjelde er op 'e revers fan syn jas. De deis dat er lid woarde kaem er by Praamstra, dy't in kroech hie yn Surhústerfean, dêr't Jan faek in buorreltsje kochte.
Hy kaem krekt út Grinslân werom, dêr't er handel dien hie. Praamstra kaem der al mei de jeneverflesse oandragen, mar Jan wiisde op 'e blauwe knoop en sei: "Né man, ik bin hjoed geheelûnthâlder woarn. Dû kinst net in drip drank mear oan my kwyt."
Mar de jouns doe hat it jongfolk fan 'e Grinzer Pein him op in platte kroade thús brocht, sa dronken hied er him dêr sûpt.
Hy hat mar ien dei ôfskaffer west. Letter hat er it noait wer stean litten.

Beschrijving

Jan hield van een slok, en ging zich vaak te buiten. Op een dag besloot hij lid te worden van de blauwe knoop. Een bevriende kroegbaas wilde hem jenever inschenken, maar Jan wees op de blauwe speld op zijn jas. Die avond hebben wat jongeren hem in een kruiwagen naar huis gebracht, zo dronken was hij. Al met al is hij maar een dag geheelonthouder geweest.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1050, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 juli 1973

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Praamstra    Praamstra   

Grinzer Pein    Grinzer Pein   

Naam Locatie in Tekst

Surhusterfean    Surhusterfean   

Grinslan    Grinslan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21