Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105308

Een mop (mondeling), zaterdag 04 augustus 1973

Hoofdtekst

Yn Grins wie in man, dy trof in dame mei in leaf lyts hountsje. Mar dat hountsje wie loops.
Hy en dy dame praetten togearre even. Doe kaem der in oar hountsje oan en dy rekke op it hountsje fan dy dame fêst.
It minske wie alhiel ûnstjûr. It muoide har bot. "Nou mat ik hjir sa lang stean," sei se, "krekt salang oant it ding wer los is."
De man krige bigreatsjen mei har en sei: "Dat hoeft net. Wachtsje mar even. Ik sil 't ding wol wer losmeitsje."
De frou sei: "Dat woe 'k hiel graech."
Hy foun in âld fleisblik, dat die er fol wetter en dat smiet er tusken de beide hounen. Doe rekken se los.
Doe sei de dame tsjin dy man, "dat en dat is myn adres. Ik ha no neat by my, mar as jo by my komme, dan krije jo fan my in bileanning."
De oare deis gong dy man nei dat adres ta. De frou ûntfong him tige leaf, en hy krige in buorreltsje by har. En op 't lêst moest er wer fuort en doe lei se in ryksdaelder foar him op 'e tafel.
Doe sei se: "Nou meije jo dy ryksdaelder pakke as bileanning. Mar jo meije ek krekt as 't hountsje."
De man tocht: "Dit is in moai wyfke, dat lêste haw ik leaver as in ryksdaelder."
Hy sei: "Dan nim ik it lêste mar oan." De ryksdaelder liet er lizze.
Doe sei de dame: "Dan matte jo fansels salang wachtsje oant ik loops bin." (Dit waerd ús heit forteld ± 1930).

Beschrijving

Man treft dame met loops hondje, dat besprongen wordt door reu. Honden raken vast, man lost zaak op. Dame nodigt man uit om beloning op te halen. Man komt, kan kiezen tussen geld of net doen als het hondje. Man kiest voor de laatste beloning, maar moet dan wel wachten tot de vrouw loops is.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1053, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

4 augustus 1973
door vader verteld circa 1930

Naam Locatie in Tekst

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21