Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ108903 - Jan en Griet

Een mop (mondeling), woensdag 27 maart 1974

Hoofdtekst

Jan en Griet.
Jan wie arbeider by de boer.
Op in kear noadige de boer Jan mei syn wiif Griet út om dêr hinne to jounpraten.
Griet wie in frommes dat noait sêd koe; hja iet net mar hja friet. Doe sei Jan tsjin har: "Dû mast dêr joun net safolle ite hear. Dat is ûnfatsoenlik."
Griet sei: "Dû kinst wol hwat sizze, mar ik wyt net hwannear't ik ophâlde mat."
Doe sei Jan: "Ik sil dy tsjin 'e foet oanstjitte, as it tiid is fan ophâlden."
Hja hienen dêr by dy boer in grouwe houn, en dy lei ûnder 'e tafel.
Griet wie noch mar krekt oan 't iten, of dy houn stjitte har tsjin 'e foet oan. Doe lei Griet de foarke del. Hja woe net in jirappel mear ha, hwant hja miende dat Jan har de wink jown hie.
Doe krigen se dan brij. Griet bigoun wer opnij, mar doe krige se wer in stomp fan 'e houn op 'e foet. Dat hja lei de leppel del. Hja taelde net mear nei de brijpot, mar sy forgong fan 'e honger.
De jouns soenen Jan en Tryn [Griet] wer op hûs yn.
Griet hie sa'n honger, dat hja naem stikum in panne mei iten mei.
Underweis moesten se troch in bosk. Doe't se dêr yn wienen, seagen se twa rovers oankommen. Dêr wienen se bang foar, dat hja klommen gau yn in beam. Griet naem de panne mei yn 'e beam.
Doe gongen de beide rovers krekt ûnder dy beam sitten en telden dêr it jild nei, dat se stellen hienen.
Doe sei Griet sunich tsjin Jan: "Ik mat sa noadich pisje."
Doe sei Jan: "Net dwaen, dan fornimme se ús."
Mar Griet koe 't net ynhâlde en dêr pisse se hinne.
Doe seinen dy rovers: "Daar valt hemels water."
Wer in skoftsje letter sei Tryn [Griet]: "Nou is 't net bêst. Ik mat út 'e broek."
"Net dwaen", sei Jan, dan fornimme se ús.
Mar Griet koe 't net folhâlde, en dêr skiet se hinne.
Doe seinen dy rovers: "Daar valt hemelse mosterd."
Wer in skoft letter koe Griet de panne net mear hâlde. Hja liet him falle.
Mar doe waerden dy rovers allerheislikste kjel.
"De hele hemel komt van boven!" rôpen se en doe setten se sokken. It jild lieten se lizze, sa bang wienen se.
Doe makken Jan en Griet gau dat se ûnder kamen.
Hja namen it jild mei en wienen welgestelde lju.

Beschrijving

Man en vrouw hebben de afspraak dat als vrouw bij een bezoek te veel eet, de man haar voet zal aanstoten. Tot twee keer toe stoot de hond haar al snel aan, waardoor de vrouw ophoudt met eten. Ze heeft daardoor zo'n honger dat als naar huis gaan ze een pan eten meeneemt. Onderweg klimmen ze in een boom voor naderende rovers die onder de boom hun geld gaan tellen. De rovers bestempelen de behoeftes die de vrouw niet kan ophouden, als hemels water en hemelse mosterd. Als de vrouw de pan laat vallen denken ze dat de hemel naar beneden komt, waarop ze vluchten. De man en de vrouw nemen het geld mee.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1089, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

27 maart 1974

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Griet    Griet   

Tryn    Tryn   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21