Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109701

Een mop (mondeling), zaterdag 06 april 1974

Hoofdtekst

Twa healewizen dy sieten yn in gesticht. Se wienen wer sahwat sa fier dat se wer nei hûs ta koenen, mar de direkteur woe har earst nochris op 'e proef stelle.
Doe joech er oan dy beiden togearre tsien goune. Dêr mochten se mei dwaen hwat se woenen.
Doe gongen dy twa nei de kastelein ta en doe sei de iene: "Sille wy der drank foar keapje?"
Dat like de oare goed ta.
Doe kochten se in liter jenever. Mar hja hienen net mear as tsien goune en de jenever kostte f 10,50. En dan moesten se ek noch in kwartsje staesjejild foar de flesse bitelje.
Doe sei dy iene healwize: "Ik ha mar in tientsje."
"Ja, mar," sei de kastlein, "dêr kin ik it net foar dwaen. Ik moat yn elk gefal der noch in kwartsje foar de flesse oerhinne ha."
Doe krige de healwize syn hoed fan 'e holle en sei: "Sjoch, jit it dêr mar yn."
Hy hâldde de hoed op en de kastlein geat de jenever der yn.
Mar doe koe al dy jenever net yn 'e hoed. Mar dy hoed, dêr siet fan boven in gleuf yn. Doe kearde dy healwize de hoed om en sei: "Doch dêr de rest mar yn." Dat die de kastlein, mar wylst roun de hoed leech fansels. Mar dat seach dy healwize net. Hy liet de jenever yn 'e gleuf fan syn hoed oan syn maet sjen en sei: "Sjoch, dêr ha 'k it al."
"Och heden," sei dy oare, "hast oars net?"
"Wis al", sei de earste, en doe kearde er de hoed om. "Sjoch dêr is 't oare."
Doe wie der hielendal neat mear yn 'e hoed.
De oare deis krigen de beide healwizen wer frij. Doe gongen se der wer op út, mar nou op 'e fyts.
De iene koe net by de trapers komme, de fyts wie him to heech.
Doe sei de oare: "Wytst hwatst' dochste? Wy skuorre de bannen der ôf." Dat dienen se doe en doe ried er op 'e fellings. Mar de fyts waerd der net leger fan.
Doe't se in moai ein fuort wienen, doe sei de iene: "Wy matte ek mar ris werom, net? Dan binne wy foar de joun wer thús."
Doe draeiden se it sadel en it stjûr fan 'e fytsen, en setten dy oarsom. En doe gongen se werom.
De oare deis krigen se wèr frij. Doe mochten se nei 't swembad ta.
Doe't se by 't swembad kamen, wie dêr in plak, dêr wie gjin wetter, allinne mar modder. "Dêr wolle wy dûke", seinen se. Doe't se dêr de hiele dei omskarrele hienen, wienen se bont en blau fan it dûken.
Doe't se wer by it gesticht kamen, sei de direkteur:
"Hwat sjogge jimme der út. Jimme sitte ûnder de plakken en de bûden. En hwat binne jimme smoarch."
"Och direkteur," seinen se, "wy ha sa'n wille hawn. En moarn wurdt it noch moaijer; dan komt der wetter yn 't bad."
Se hienen de hiele dei yn 'e modder dûkt.
Op in kear wienen se by 't gesticht yn 'e tún oan 't kuijerjen. Doe wie dêr in ferver, dy wie mei 't hek oan 't fervjen.
Doe sei de iene gek tsjin 'e ferver: "'t Wurdt moai."
"Ja, tinkt jo?" sei de ferver.
"Ja", sei de healewize.
Doe sei de oare: "Dat docht seker ek nochal hwat yn 'e ûre."
De ferver tocht: se binne dochs net wiis, hja ha gjin forstân fan leannen ensa. Dêrom sei er: "Fjirtich sinten yn 'e ûre."
Doe seinen se tsjin 'e ferver: "Is 't net better, dat jo oan dizze kant komme en wy oan dy kant?"

Beschrijving

Twee gekken mogen op proef naar buiten. Ze laten, om geld te besparen, in de twee kanten van een hoed drank gieten, slopen de banden van een fiets om bij de trappers te kunnen, draaien zadel en stuur om als ze terug willen. Een schilder die denkt dat het niet tot gekken doordringt, noemt een heel laag bedrag als ze hem vragen hoeveel hij verdient. De gekken zeggen hem of het niet beter is dat ze van kant van het hek wisselen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1097, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

6 april 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21