Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109843

Een sage (mondeling), dinsdag 09 april 1974

Hoofdtekst

It Barrahûs is in boereplaets, tichte by Ljouwert.
Dêr kom ris op in joun in frou by de doar. "Kin ik hjir ek oernachtsje?" frege se.
"Jawol", sei de boer.
In skoft letter kaem der in soldaet by de doar. Dy frege ek of er dêr sliepe koe.
"Jawol", sei de boer.
Doe sieten se by elkoar. De soldaet seach ris nei dat frommes en doe tocht er sa: "Dû bist in keardel."
Hy praette even mei de boer apart. "Ha jo apels yn 'e hûs?" frege er.
"Jawol", sei de boer.
"Smyt ús dan allegear in apel ta."
Dat die de boer. Mar doe't it 'frommes' de apel opfangde, smiet se de knibbels nei elkoar ta. Dêr wie 't biwiis mei levere, dat it in keardel wie.
't Wie in rover, dy't forkearde bidoelings hie. De soldaet hat mei him ôfweefd en de oaren it leven rêd.
Letter ha se in beeld fan dy soldaet yn 'e tún set.

Onderwerp

VDK 0958G* - De appelvangproef    VDK 0958G* - De appelvangproef   

ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.    ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.   

sinVDK 0958G* - Die Fangprobe    sinVDK 0958G* - Die Fangprobe   

Beschrijving

Soldaat denkt dat vrouw, die net als hij op boerderij mag overnachten, een man is. Op zijn advies gooit de boer naar iedereen een appel. Bij het opvangen trekt de vrouw de knieën naar elkaar toe, het bewijs dat ze man is. Ze blijkt een rover te zijn.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1098, verhaal 43 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

9 april 1974
De appelvangproef

Naam Overig in Tekst

Barrahûs    Barrahûs   

Barrahuis    Barrahuis   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21