Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE039 - As de dieren prate...

Een sprookje (boek), dinsdag 12 december 1978

Hoofdtekst

As de dieren prate...
Doe't ik te Drachten op 'e kweekskoalle gong, die ik jûns by beppe myn húswurk. Beppe hie harsels in hiel lyts bytsje it lêzen leard, mar se koe moai fertelle. Se fertelde dan ek it ferhaal dat hjir folget. Mar no moat ik der by sizze, dat ik datselde ferhaal letter ek lêzen ha yn Anne de Vries syn 'Verhalen uit het land van Bartje'. It kaam by beide wakker op itselde del, dat hat men sa mei folksferhalen, en no binne beppe har ferhaal, dat ik mear as in heale ieu lyn fan har heard ha, en Anne de Vries syn tekst, dy't ik miskien nêst goed tweintich jier lêzen ha, by my bot trochinoar rekke. Beppe fertelde it ek wat koarter, wol 'k leauwe. Hja hie as boerefaam tsjinne de kant op fan 'e Liphúster heide, sadwaande dat it ferhaal dêr spilet.
Hiel lang lyn, doe't it yn dy hoeke fan Fryslân allegear noch heide en ûnlân wie, wennen der oan 'e râne fan 'e Liphúster heide, fuort by it Alddjip (De Boarn) in pear jierrige minsken, Freark en Antsje. Freark wie in lytse komelker. Hy hie in stik of fiif kij, in hynder, in hûn en in keppeltsje skiep. Spitigernôch hienen Freark en Antsje gjin bern. Dat hie har altyd muoid, mar fierder hie it libben har wol aardich nei 't sin west. As men har eintsje libben mei dat fan in bulte oare Liphústers en Kompenijsters fergelike, no, dan hienen se altyd knap skarrelje kinnen.
Se wennen dêr lykme-allinnich, poer op 'e romte. Sawat in kertier fan har ôf, midden op 'e heide, wennen Arjen en Geeske, harren neiste buorren. Ek minsken sûnder bern. Arjen wie skeper, skieppehoeder foar in grut tal boeren en sels hie er ek wat skiep. Alle fjouwer sieten se om 'e santich hinne. Arjen hie al in kearmennich tsjin Freark sein: 'Ik woe der wol mei ophâlde'. En dan antwurde Freark: 'No, ik eins noch net, en Antsje tinkt der krektlyk oer'. 'Ik leau, dat wy mei it lêste jier dwaande binne', hie Arjen sein. 'ik wol myn spultsje mar ferkeapje. Wy prakkesearje oer Lippenhuzen—wy soenen de jierren dy't wy noch te goede ha wol tusken de minsken slite wolle'.
En no wie it âldjiersjûn. Freark en Antsje sieten tegearre yn 'e keamer. Antsje bakte koekjes, want moarn soenen de earme bern fan 'e Kompenije, de Liphúster kant út wei, by har oan komme. Dy krigen dan allegear in duit en in koekje. Antsje bakte koekje foar koekje, en as sa'n koekje dan noch waarm en sacht wie, joech se it oan Freark en dy wuolle it om in rûn stokje; hy liet it der om hurd wurde; dan wienen it fan dy kokerkes. Dat wisten de bern. Antsje hie de namme, dat se omraak koekjebakke koe.
Der waard net folle sein; allebeide sieten se djip yn 'e prakksaasjes. Antsje tocht der oan, dat se miskien ek noch ris nei Lippenhuzen ferfarre soenen. Se soe wol ris wat mear oanspraak ha wolle. Freark hie de moarns mei Arjen praat en doe hienen se it noch ris wer oer dat âlde sechje hân, dat de bisten yn 'e nacht fan âld op nij meiïnoar prate. It hie noait rjocht yn Freark del wollen, mar hielendal fersmite die er it ek net. 'Sjoch jonge', hie Arjen sein, 'salang as yn dy nacht de toersklok syn tolve slaggen docht prate se'. 'Wier-wier, it is sa', hie er der noch oan tafoege, doe't Freark der net folle fan witte woe, 'mar as ik dy wie, soe 'k der noait nei harkje, want dan foarsizze se, wat der yn it kommende jier barre sil. En se sizze inkeld mar de rare dingen, noait in kear de goede'. Wylst er syn koekjes om it stokje draaide, liet Freark dat noch ris yn him omgean. Hy tocht, ik soe doch wol graach witte wolle, wat ús te wachtsjen stiet, as wy hjir noch in jier wenjen bliuwe. Stel dat ik no ris fan 'e kij te witten kaam, oft der in kealfersmiter by is of net. It soe ek in baas ding wêze, as men wist, oft it in wiet of in droech jier wurdt. Yn it iene gefal boude ik it measte spul op myn oanmakke heide, en yn it oare gefal yn 'e Mersken, fuort by it Alddjip.
Wylst er sa siet te prakkesearjen, seach er nei de klok. It wie fiif minuten foar tolven. Sûnder wat te sizzen riisde er oerein en rûn nei de doar. Antsje frege nearne nei, se wie dat wol wend; hy ljochte alle jûnen efkes ôf.
Boppe yn 't bûthúske stienen syn klompen. Hy stiek it oaljelampke op, krige de tuolle, dy't om 'e hoeke lei, en rûn efter de kij lâns. Hy seach nei elk fan 'e fiif apart; hy murk der neat besûnders oan, likemin as oan it âld hynder. Under yn 't bûthúske gong er yn 'e hoeke, tsjin 'e muorre oan, op 'e tuolle sitten. It lampke sette er njonken hirl del en hy wachte ôf, wat der komme soe. Hy seach wer nei syn kij — ien lei, in oaren kaam krekt oerein en in pear stienen. It hynder stie flak by him. It wie allegear krekt as oare jûnen. Arjen soe him wol wat wysmakke ha.
En doe ynienen, hy harke, en hy waard der kjel fan, hy hearde yn 'e fierte de Liphúster klok. 'Bim!' sei dy. It wie hoar, men koe it klear hearre. En mei gong der in huver troch al dat fee. De iene ko dy't lei kaam moai gysten oerein. It âld hynder loek nuver mei de eagen en flappere mei de earen. En doe't it oan 'e twadde slach ta wie, hearde Freark dúdlik, dat ien fan 'e kij sei: 'Mmm! Dit wurdt in min jier!' De toersklok sloech noch ien, twa kear en doe sei in oare ko: 'Ja, wa hie dat fan ús baas tinke kinnen!' En ear't it oan 'e tolfde slach ta wie, bromde it hynder: 'Dat ik mei âlde maaie myn baas noch nei it tsjerkhôf bringe moat'. It lêste dat Freark hearde wie de tolfde slach.
Doe't er wer ta syn sûpe en stút kaam, lei er yn 't bedsteed yn 'e keamer, in grutte doek om 'e holle, en foar 't bêd siet hannewringend Antsje en stienen Arjen en Geeske. 'Hoe kom ik hjir eigentlik?' frege Freark. 'Ja', sei Antsje, en se hie de triennen yn 'e eagen, 'dat freegje wy ús ek ôf. Wy fûnen dy ûnder yn 't bûthús en do wiest mei de foarholle op 'e gropperâne fallen, it wie allegearre bloed. It lampke lei der nêst en wie útgien, dat hat ús gelok west; oars hie de boel yn 'e brân rekke. Arjen en Geeske wienen krekt kommen om ús it nijjier ôf te winnen. Mei ús trije ha wy dy hjir op bed droegen'. Freark kaam stadichoan wer by it spul. Hy betocht in leugentsje. 'Ja sjoch, ik tink, dat ik de tuolle oer 'e mjilling lizze litten hie en dat ik dêroer stroffele bin. Ik sil bûten westen rekke wêze fan 'e klap op 'e gropperâne'. 'Ja, sa sil 't gien wêze', sei Antsje, 'no, bliid datst der wer biste!'
Neidat de buorlju ôfset en Antsje by him op bêd kommen wie, lei Freark al mar om te wuoljen. 'Moatst dy deljaan, jonge', sei Antsje, 'it is ommers goed beteard'. Mar Freark koe wat er heard hie net fan him ôfsette. Lang om let rekke er yn 'e sliep, mar doe moast hy der ek al hast wer ôf te melken. Hy doarst amper nei 't bûthús. Mar doe't er efter de kij lâns rûn en it hynder foer joech, sei gjinien fan 'e bisten in stom wurd. Dat bleau sa en Freark tocht op 't lêst, soe 'k it my ek ferbylde ha? Mar hy bleau stil en ôfwêzich; it wie krekt, as siet er yn 'e Iytse loege. Antsje fernaam it wol, mar Freark hâlde syn geheim foar him. Njonkenlytsen sliet it wat, foaral doe't it foarjier oankaam en hy wer mear bûtendoar ompiele koe.
En doe op in dei kaam Arjen by him mei nijs. Hy hie in húske kocht yn Lippenhuzen. It spultsje soe ferkocht wurde. Och heden, tocht Freark, no sitte wy hjir allinne — hoe sil 't komme? Hy waard wat langer wat swiermoediger en swiersettiger, en op in kear dat er nei Lippenhuzen moast stapte er, om de sinnen ris te fersetten, yn 'e herberch en frege om in slokje. Hy bestelde in twadden en bleau mar hingjen. Op 't lêst waard it al tsjuster en doe't er thúskaam, wie er smoardronken. Dat hie Antsje noch noait earder meimakke. Se frege har wol ôf, wat dat mei Freark wie, mar salang as er syn rûs noch net út hie, woe se him der ek net nei freegje. De oare moarns hie er pine yn 't hier, en it sin stie net bêst, mar Antsje begûn him doch te ûnderstean: 'Wat hat dat no justerjûn mei dy west, Freark? Sa moat it no net fansels'. Nee, dat wie Freark wol mei har iens, mar wêr't er noch altyd mei ompakte, dat hâlde er foar himsels.
Doe't maaie dan hast yn 't lân komme soe, skeat him ynienen wat yn 't sin. Dat er dêr net earder om tocht hie! Gâns fleuriger as oars kaam er by Antsje yn 'e hûs. Hy sei: 'No, nearne net om, mar as 't yn nije wike Gerdykster merke is, dan wol 'k hinne'. 'It moat net raarder wurde!' bearde Antsje, 'yn gjin jierren hast dêrhinne west'. 'Nee', sei er, 'mar ik ha no noch in hynder, en dat kin it lêste jier wol ris wêze'.
De jûns foar Gerdykster merke sei er: 'Hingje my de ferklaaiersklean mar ree, moarnier riid ik nei de Gerdyk'. Antsje jeuzele dêr op om om mei, mar der woe Freark net fan witte. 'Ik ûnthjit dy, dat ik de drank stean litte sil', sei er.
Op 'e Gerdyk ferkocht Freark de swarte oan in keapman fan 'e oare kant. Hy tocht, sisoa, no kin my noait oerkomme, wat dat âld hynder sein hat. Hy hannele in jong brún hynderke oan en dêr kaam er de jûns mei thús. 'No moat it net healwizer!' Antsje sloech de hannen gear. 'Ik koe om 't skik hannel dwaan', sei Freark, 'en no wol 'k it lêste jier noch wat wille oan dit hynderke belibje'. Freark brûkte de oare deis syn brúntsje al, mar djip yn syn hert bleauwen de wurden fan 'e âld swarte him doch by.
It wie no safier, dat Arjen en Geeske soenen nei de buorren. Se hienen har spultsje ferkocht oan in pear jongelju fan 'e eastkant—de achtste maaie soenen se komme. Yn 'e fierte seach Freark se al oankommen dy deis. Hy rôp oan Antsje: 'Dêr komme ús nije buorlju! Wy kinne wol efkes sjen. se moatte hjir doch foarby'. Dêr kamen in pear weinen oan, in hynder der foar, op it foarkret siet it jonge pear. Mar it spul wie noch net oan harren ta, doe besaude Freark. Foar de weinen rûn in âld hynder. It skeat him der fan yn 'e skonken, hy moast him oan 'e hikke beethâlde— it wie syn eigen swarte. Antsje hie der gjin erch yn, dy koe it each net fan 'e nije buorlju ôfhâlde. 'Wy moatte der mar gau ris hinne', sei se, 'it Iykje gjin ûnaardige minsken'. 'Dat moat dan mar', grommele Freark en hy suchte.
Dy jûns koe er thús net mear bankje. Hy sloech de brune yn en ried ne Lippenhuzen. Yn 'e herberge kaartspile er wat mei in pear âlde kunden en naam i iene slokje nei it oare. Op 't lêst stapte elkenien op, it wie sluterstiid, mar Freark sie der noch. De kastlein warskôge. 'Ja, ja', sei Freark, 'noch ien der yn, dan gean ik'. En doe seach er dúdlik en klear, dat de herberchsdoar iepengong en de Dea stapte der yn. Hy kaam op Freark ta en gong njonken him sitten op in lege stoel. De Dea tikke him op 't skouder en dat die er sa rêstich, dat Freark waard der amper oars as oars fan. 'Hospes!' rôp er, 'no noch twa!' 'Soest dat wol dwaan, jonge?' frege de kastlein. 'Ja', sei er, 'en dan stap ik wier-wier op.'
Hy rekkene meiïen of, en de kastlein hearde nuver op, dat Freark tsjin 'e lege stoel njonken him prate. As dit aansen mar goed komt, tocht er. Op in stuit gong Freark oerein en makke in meneuvel tsjin 'e lege stoel. De útdoar die er iepen, krekt oft er tige fatsoenlik in oarenien foargean liet. De brune stie noch foar de ierdkarre, Freark gong der op sitten en de Dea skikte njonken him.
As se op 't hiem binne, seit de Dea: 'Freark, no moatst dy iene ko dy't noch op 'e stâl stiet, al even in jifte hea jaan, want dat hast fan 'e middei fergetten'. 'Oh soa', seit Freark, 'mar dat moat ik dan wol goed stil dwaan, want ik wol net ha, dat Antsje wekker wurdt'. Freark set de ljedder omheech en klimt op it bûthússouderke, dêr't er hielendal net hoecht te wêzen. Hy skaait dêr wat om en dan seit de Dea: 'No kom jonge, it hat sa moai west'. Freark stapt by de ljedder del, mar de hiele Ijedder is der net. Hy falt nei ûnderen en de oare moarns fynt Antsje him dea.
Fjouwer dagen letter, âlde maaie, komt Freark op 't hôf. Lyk as de buorreplicht it dêr ha wol, sil de neiste buorman him ride en dat is de jongeman dy't krekt yn it skepershûs kommen is te wenjen. De iene ko is by de oaren yn 't lân kommen, en as de âld swarte foarby komt, steane alle fiif kij by de reed en sjogge it oan. It hynder draait de kop efkes nei harren ta en knikt, krekt as woe er sizze, de minsken miene, dat se sels har lot yn 'e hannen hawwe, mar wy witte better.

Onderwerp

AT 0671D* - To Die Next Day    AT 0671D* - To Die Next Day   

ATU 0671D* - To Die Next Day.    ATU 0671D* - To Die Next Day.   

Beschrijving

Freark en Antsje wonen op de hei. Hun enige buren zijn Arjen en Geeske. Freark hoort van Arjen dat het vee rond middernacht met elkaar praat. Freark besluit te gaan luisteren wat de dieren met elkaar bespreken. Om middernacht gaat hij naar de veestal en hoort het paard zeggen dat het nog dit jaar slecht met Freark afloopt. Freark ontwaakt in zijn bedstee. Zijn vrouw vond hem bloedend op de grond van de veestal. Hij zegt niets tegen haar over wat hij heeft meegemaakt. Op een keer verkoopt Freark het 'pratende' paard, omdat hij denkt dat hem dan niets kan overkomen. Op een avond kan Freark het thuis niet meer uithouden. Hij gaat elders kaartspelen in een herberg. Hij drinkt wat en na sluitingstijd zit hij er nog. Plotseling gaat de deur open en komt de Dood binnen. Freark en de Dood gaan samen naar huis. Daar aangekomen zegt de Dood dat Freark de koe nog moet voederen. Freark gaat de hooizolder op en wil dan naar beneden komen via de trap, maar die staat er niet meer. Hij valt dood.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 62

Commentaar

12 december 1978
To Die Next Day

Naam Overig in Tekst

Freark    Freark   

Antsje    Antsje   

Liphúster    Liphúster   

Arjen    Arjen   

Geeske    Geeske   

Anne de Vries    Anne de Vries   

Verhalen uit het land van Bartje    Verhalen uit het land van Bartje   

De Boarn    De Boarn   

Kompenije    Kompenije   

Mersken    Mersken   

Naam Locatie in Tekst

Fryslân    Fryslân   

Friesland    Friesland   

Alddjip    Alddjip   

Lippenhuzen    Lippenhuzen   

de Dood    de Dood   

Gerdyk    Gerdyk   

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20