Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE041 - In hûn as hoedingel

Een sage (boek), vrijdag 02 december 1977

Hoofdtekst

In hûn as hoedingel
Der wie ris in dominy, dy koe ôfgryslik preekje en hy sei it de minsken tige oan. Dêr mochten party net oer: dy koenen de wierheid net ferneare en krigen it grau op him yn. Lykwols, se koenen lang net tsjin him op. En doe boaze dat oan, sa slim, dat der wienen guon, dy woenen him wat dwaan. Dominy hearde dêr wol ris wat fan grútsjen, mar hy gong frijmoedich syn wegen, omdat er syn wurk neffens de wil fan God besocht te dwaan. Doe wienen der guon, dy seinen: 'No, dan sille wy him wol fine'.
Op in rûzige, ûnwarige, tsjustere jûn kaam der tynge oan 'e pastorij, dat in lid fan 'e gemeente, dy en dy, in âld minske. Iei op stjerren, en oft dominy komme woe. Dominy stiek der te foet hinne — it wie bûtenút en hy moast in âld reed del. Mar hy wie noch net sa fier fan hûs, doe hearde er syn hûn thús yn 't hok ôfgryslik oangean. Janke, it gong jin troch ieren en sinen. En doe tocht dominy, ik wit der neat fan, ik mei earst wol werom en sjoch, wat dy hûn mankeart. It hok kin wol op him ynwaaid wêze, dat er yn ûngenade leit, of sokssawat. Dat hy gong werom, en sa't er de hoksdoar iependie, fleach de hûn der út en dy tjirge him om mâlens. Dominy woe him der wer yn lokje, mar hy bleau op in distânsje. Hy tochte, lit dy hûn dan mar meigean. Doe wie er dan ûnderweis en hy fernaam oan 'e hûn wol, dat der ûnrie wie — dat der folk yn 'e wâl op 'e loer lei. De hûn woe se oanfleane, mar dominy hâlde him beet.
Hy kaam by dat minske en doe wie se springlibben. Hy prate der mar net oer, dat er tynge hân hie. It die bliken, dat dat minske it tige swier hie en yn 'e nederklits siet, mar troch it petear dat se tegearre hienen waard se hielendal fertreaste. It hat net in fergeze loop west, tocht dominy, hjir hie ik wêze moatten. Dat hy sette bliidmoe dich wer op hûs yn, en se doarsten him net oanpakke — om 'e hûn net.
Hy begriep skoan, hokfoar gefaar der foar him wankt hie en hy koe it net litte en helje dat oan yn 'e preek. Hy lei út, hoe't God soms minsken brûkte tsjin har sin en wil. Want dy frou hie yn 'e ferdrukking sitten en se wie der wer boppe-op rekke. Der gong in grutte wurking fan dy preek ut en de minsken dy't dominy wat dwaan woenen, koenen it net mear ferkropje en bekenden, wat se fan doel west hienen, en der kaam in hiel oare ferhâlding yn e gemeente.

Onderwerp

VDK 0770A* - De engelenwacht    VDK 0770A* - De engelenwacht   

sinVDK 0770A* - Die Engelwache    sinVDK 0770A* - Die Engelwache   

Beschrijving

Sommige mensen in een gemeente moeten niet veel hebben van hun voorganger, omdat ze niet tegen hem opgewassen zijn als het gaat om zijn preken. Op een avond komt iemand bij de dominee langs om te vertellen dat een oud vrouwtje op sterven ligt. De dominee gaat op weg naar de stervende. Hij is nog maar net van huis of hij hoort zijn hond afgrijselijk janken. Als hij gaat kijken, ziet hij de hokdeur openstaan; de hond vlucht naar buiten en wil niet meer terug in zijn hok. De dominee besluit de hond mee te nemen. De vrouw die op sterven lag, blijkt springlevend te zijn. Maar de dominee komt niet voor niets, want de vrouw heeft het moeilijk. Op weg naar huis durft men de dominee niet aan te vallen, vanwege de hond die bij hem is. Bij zijn volgende preek refereert de dominee aan wat hem overkomen is. God maakt soms gebruik van mensen zonder dat zij er erg in hebben. De preek heeft een heilzame uitwerking: degenen die de dominee kwaad gezind zijn, bekennen wat zij van plan waren. Zo ontstaat er een andere verhouding tussen de dominee en zijn gemeente.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 67

Commentaar

2 december 1977
De Engelenwacht

Naam Overig in Tekst

God    God   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20