Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE042 - In hin as hoedingel

Een sage (boek), vrijdag 02 december 1977

Hoofdtekst

In hin as hoedingel
De broer fan 'e foarige ferteller is oan it wurd: Dat ferhaal haw ik hiel oars heard. Nei't my foarstiet ha 'k it fan Johannes Dykstra fan Eastermar. Der wenne in dominy mei in hûshâldster. En doe op in jûne, it wie al tsjuster, kaam der berjocht — wa't it berjocht die wit ik net — mar der kaam ien te sizzen, dat der lei in frou op stjerren, in hiel ein bûten-út, en oft dominy direkt komme woe. Mar it wienen guon dy't net útstean koenen, dat dominy har de wierheid sa sei en dy wienen fan doel om him ûnderweis oan te pakken.
It reinde oft it easde en it waaide in stoarm. Doe sei de hûshâldster: 'Mar it is gjin waar, dominy, jo kinne der sa net troch'. 'Ik moat', sei er, 'it wurdt fan my frege'. Dat hy stiek ôf. En de hûshâldster wie sa oerstjoer en it begûn noch folle mear te waaien. Der rûn in tried fan 'e pastorije nei it hinnehok, en iderkear waard der mar rattele oan dy tried. Dat it minske al bûtendoar sjen, troch de gerdinen of de blinen hinne, en it wie krekt as stie dêr in gestalte. Sa miende se. En dat teach se har bot oan, en doe tocht se, ja, dit is in ingel — hjir sit wat efter en it hat der mei te meitsjen dat dominy op in paad is. Sadwaande gong se der op út nei de koster en se sei: 'Jim moatte daalk mei in rydtúch dêr en dêr hinne: dominy is yn gefaar fan syn libben — ik ha tynge hân fan in ingel'.
Dat se gongen der op út en hellen dominy op. Doe doarsten dy oaren har net sjen litte, trochdat er mei in rydtúch wie. Yn alle needwaar kaam de dominy thús. Dêr hearde hy ek dat gerattel en gerinkel. Hy sei: 'Der is wat by de hinnen of sa, ik mei wol even sjen'. En hy der hinne — en hinge dêr net in hin mei de poat oan dy tried, en dy fladdere iderkearen om los te kommen.
Mar dominy sei tsjin 'e hûshâldster, doe't er wer yn 'e hûs kaam: 'It is sikerwier in ingel!' Hy liet har yn 't geloof. En wa wit?

Onderwerp

VDK 0770A* - De engelenwacht    VDK 0770A* - De engelenwacht   

sinVDK 0770A* - Die Engelwache    sinVDK 0770A* - Die Engelwache   

Beschrijving

Een dominee krijgt op een avond het bericht dat een vrouw op sterven ligt. Hij moet direct komen. Zijn huishoudster wil hem tegenhouden vanwege het slechte weer, maar hij gaat toch. Dan hoort de huishoudster geluiden bij het kippenhok. Als ze gaat kijken, ziet ze daar een engel die vertelt dat het leven van de dominee in gevaar is. De huishoudster en de koster brengen de dominee veilig thuis.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 67

Commentaar

2 december 1977
De Engelenwacht

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20