Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE043 - Krusen te ruil

Een legende (boek), woensdag 19 oktober 1977

Hoofdtekst

Krusen te ruil
It is al hiel lang Iyn, doe wennen der earne in man en frou mei in pear bern en, no, dy wienen net sa tige gelokkich. Der wurdt dan wol ris sein, it grutste gelok is de tefredenens, mar dat minske wie net tefreden en dy man ek net. Se hienen wol in besteantsje, al kaam it net sa rom om. mar se seagen altyd nei in oar. In oar hie it better, in oar kaam makliker troch de tiid, in oar syn bern wienen tûker of joegen better om sizzen.
Foaral as se jûns tegearre by de tafel sieten, dan kankeren se der altyd oer, dat se it sa min troffen hienen. De man sei: 'It rint my ek altyd tsjin. No ha 'k in boer, dat is in hûn fan in keardel. Ik bar myn lean, mar minsklik gefoel sit der net yn. As syn hynder dea wie, soe him dat oangean, mar as ik dea wie, dan soe er allinnich mar gau om in oare arbeider sjen'. De man koe it net litte en sis der oer hinne: 'En mei it wiif ha 'k it ek noch min troffen'. Dan waard it bargebiten. De frou spatte op: 'Mienst dat ik it better troffen ha? In keardel as do. dytt yn 'e hûs noait in sprek seit, oars net as seure en krimmenearje en altyd de bokkeprûk op. Ja, tsjin 'e boer dan hâldst dy katoen. Moaiwaarspylje, omdatst bang fan him biste'. 'Ei no minske', iggewearre er dan tsjin, 'ik kin ek neat sizze, oars jout er my dien en dan ha wy hielendal neat'.
Op in kear hienen se de dominy oer de flier en doe koenen se it kleien ek wer net litte. Dominy wie der wat mei oan. Hy hâlde in ferhaal oer in krús mei roazen en dat der gjin hûs sûnder krûs wie en gjin hert sûnder smert.
Doe't dominy fuort wie, eamelen se der noch wat oer nei. 'Dominy hat maklik praten', sei de man, 'hy moast mar ris Iyk as ik moatte'. En doe't de frou dominy wol wat meistimde, hie se it bedoarn. Mar yn alle gefallen, de man hâlde him fierder stil, safolle hienen dominy syn wurden al útwurke, en hy gong yntiids op bêd. Lykwols, it sliepen woe net rjocht, dy wurden oer elk syn krús koe er net by him wei krije.

Tsjin 'e neinacht rekke er doch yn 'e sliep en doe hie er in frjemde dream. Hy seach himsels rinnen, in houten krús hie er op 'e rêch. Hy kaam yn in gebou as in timpel, in hiele grutte seal wie der yn, it dak rêste op mânske pylders. Hy trêde dêr wat om, mar dat krús op 'e rêch die him sa alderaaklikste sear. Hy koe it eigentlik net tôgje. It woech der yn en hy wie al net sa geef mear, hy hie de lea ferwrotten by de boer. Hy rûn frijwat foaroer dêr troch dy seal, op 't lêst rûn er hielendal rûngear.
Njonkenlytsen, hy wie op 'e ein fan 'e seal en dêr kaam in Ijochtsjende gestalte op him ta, dy't er net koe. Hy frege himsels of, wa't dat wie. Hy wist it net, mar it wie allegear Ijocht ynienen. Hy hearde klear yn syn dream, dat dy figuer tsjin him sei: 'Hoe is 't — binne jo te'n ein? Kinne jo it net langer dwaan?'
Hy stie efkes stil, sa yn 'e dream, en antwurde: 'Ik kin dit krús net sjouwe — it is my te swier. Ik wol hiel wol de lêsten op my nimme dy't my opdroegen binne, mar dit giet my boppe de macht. Ik hâld it net mear út'.
Doe sei dy Ijochtsjende gestalte tsjin him: 'Ja, ik sjoch it en ik begryp it. Lis dat krús mar ôf. Lis it der mar del. Elk minske is feroardiele om in krús te dragen, mar sykje jo mar ien út dat jo nofliker sit en dat jo wol drage kinne'.
De man seach de seal ris yn 't run — altyd yn 'e dream fansels — en, no ja, hy seach dêr wol in tritich, fjirtich krusen lizzen, net ien fan itselde model. Hy rûn der by lâns en krige ien yn 'e hannen. Dat naam er op 'e rêch en die in mannich trêden. 'Nee', sei er, 'dit is noch minder as myn eigen. Dit kin ik net brûke'. Doe seach er dêr in oar krús lizzen. Dat wie aardich glêd. 'Dan moat ik dit ris passe', sei er, 'miskien dat it better is'. Hy tilde it op en lei it op it skouder. 'Nee', sei er, 'dit pinicht my, dit sit net noflik'.
Hy seach om him hinne en hy paste it iene krús nei it oare. 'Ik wit it net', sei er. 'mar net ien is sa't it wêze moast'. Dat hy pakte op 't lêst wer in krús — hy hie se allegear hân — hy hifke it ris en dy Ijochtsjende gestalte stie dêr mar swijend en seach op him del. Hy sei: 'Ik begryp wol, wy hawwe allegear in krús mei te dragen, ik ha se allegear prebearre, en no ha 'k doch ien fûn — ja, it sit ek net noflik, mar it foldocht my doch noch it bêste. Ik leau, hjir soe 'k my sawat mei rêde kinne. Dat ik nim dit krús mar mei en dan moat ik mar fierder'.
Hy hearde noch, dat de Ijochtsjende gestalte tsjin him sei: 'Dit is it krús dat jo niisynlevere ha. Wolle jo dat no wer mei ha?' Hy wist gjin antwurd en joech him ôf. Doe waard er wekker.

It wie nuver, oars wist de man moarns noait, wat er nachts dreamd hie, mar no hie er de hiele dream klear foar him. Hy seach himsels noch rinnen mei it houten krús op 'e rêch en hy seach de timpelseal mei de grutte pylders noch foar him.
Hy fertelde de dream oan syn frou. 'Ik begryp net, wat dit ynhâldt', sei er, 'ik ha dy Ijochtsjende gestalte sjoen en de krusen ha 'k sjoen en ik tôge dêr om, en—ik wit it net'.
Doe sei de frou: 'Ik wit it ek net, mar dit leau ik al: do hast, of miskien better: wy hawwe yn dy dream in warskôging krige. Sjoch, wy binne net tefreden'.
'Nee, hoe soenen wy tefreden wêze mei sa'n bestean!' foel de man har yn 'e rede.
'Mar moatte wy dêr dan alle dagen oer stinne en inoar it libben sûr meitsje?'
'Men kin doch net altyd oer waar en wyn prate! Of oer dominys!'
'Nee, mar do witst wol, wat dominy sei, gjin hûs sûnder krús'.
'Ja, dat wol 'k wol leauwe — it wie dêr al den wearlich krúsen!'
'Wy miene altyd, dat in oar it better hat, mar wy sjogge de bûtenkant! Wy sille oannimme moatte, dat ús krús net swierder is as in oar sines'.
Dat soe dan wol, joech de man ta. It waard gjin fleurich, oangenaam man, syn aard koe er net feroarje, mar hy wierre syn mismoed doch net mear sa út op syn frou en njonkenlytsen krige er doch min ofte mear frede mei syn bestean.

Onderwerp

VDK 0844A* - Het eigen kruis het beste    VDK 0844A* - Het eigen kruis het beste   

Beschrijving

Een man en een vrouw vitten tegen elkaar; beiden zijn ontevreden over hun bestaan. Op een dag komt de dominee langs bij het klagende echtpaar. Hij probeert ze een hart onder de riem te steken. De man heeft niet begrepen wat de dominee gezegd heeft, de vrouw wel. Dezelfde nacht krijgt de man een droom. Hij droomt dat hij een kruis moet dragen dat hem te zwaar is. Iemand zegt dan tegen hem dat hij het kruis mag afleggen. Hij doet dat, maar hij moet wel een ander kruis gaan zoeken. Met ieder ander kruis dat hij vindt is hij niet tevreden. Totdat hij een kruis neemt, waarvan hij denkt dat het de beste keus is. Het blijkt dan het kruis te zijn, dat hij daarstraks heeft afgelegd. Maar dat deert hem niet. Wanneer de man ontwaakt kan hij zich alles precies herinneren. Hij vertelt de droom aan zijn vrouw en zij legt hem uit wat er mee bedoeld wordt: geen huis zonder kruis. Ieder mens heeft zijn problemen, maar dat zien we aan de buitenkant vaak niet. De man heeft vanaf dat moment min of meer vrede met zijn leven.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 68

Commentaar

19 oktober 1977
Het eigen kruis het beste

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20