Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE051 - It Warkumer Sint-Petrusbyldsje

Een legende (boek), vrijdag 21 oktober 1977

Hoofdtekst

It Warkumer Sint-Petrusbyldsje
Op 'e âlde Warkumer pastorije, yn 'e tiid foar de Reformaasje, stie in byld fan 'e Hillige Petrus. Te Warkum wennen doedestiids gâns fiskerlju, dat in byld fan Petrus de fiskerman-apostel wie der tige op syn plak.
Doe is nei de Herfoarming de âlde tsjerke ôfmakke, want yn 'e tiid fan 'e omslach wie dat hingjen bleaun, en doe ha se de pastorije ôfbrutsen, en dat byldsje fan Petrus, no, dat waard weismiten. Sa gong dat yn dy tiid, hilligebylden moast de Herfoarming neat fan hawwe. Foar de dominy is in nije pastorije boud.
En doe op in goeie moarn siet yn dy nije pastorije, sa likernôch op itselde plak as dêr't it foarhinne stien hie, datselde Sint-Petrusbyldsje wer yn 'e muorre. Wa hat dat der no wer delsetten, fregen de minsken har ôf. Dat se reagen it der wer wei en it kaam op 'e púnbult te lizzen.
Lykwols, de oare moarns siet it wer yn 'e muorre, en doe hawwe se it mar sitte litten. Dat as men no te Warkum komt, dan kin men noch altyd op datselde plak, it hús is no bakkerij, it byldsje fan Sint Petrus sjen. Ik haw it wol sjoen — ik hoopje teminsten dat it der noch sit. It is in hiel âld byld.

Onderwerp

SINLEG 0131 - Das Bild kehrt (dreimal) nach dem Fundort (Standort) zurück.    SINLEG 0131 - Das Bild kehrt (dreimal) nach dem Fundort (Standort) zurück.   

Beschrijving

Ten tijde van de reformatie is het standbeeld van de Heilige Petrus, dat voor de Warkumer pastorie staat, neergehaald. Van heilige beelden moesten de hervormers niets weten. Op een morgen is het Petrusbeeld teruggekeerd op zijn oude plaats. Niemand begrijpt er iets van. Het beeldje wordt direct verwijderd. Maar de volgende dag staat het beeld er weer. Toen heeft men Petrus maar laten staan.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 74

Commentaar

21 oktober 1977
Dat Bild kehrt (dreimal) nach dem Fundort (Standort) zurück

Naam Overig in Tekst

Heilige Petrus    Heilige Petrus   

Warkumer    Warkumer   

Naam Locatie in Tekst

Warkum    Warkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20