Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE052 - De spin

Een sprookje (boek), dinsdag 12 december 1978

Hoofdtekst

De spin
Yn ien fan 'e easterske lannen briek op in kear in opstan út en dat gong der ferskriklik om wei. Der foelen withoefolle deaden, trochdat de driften ûnder it folk losbarst wienen. De grutten fan it ryk benammen moasten it belije. Sa moast ek de earste minister, dat oars in man wie dy't it goed mei it folk miende, yn alle hasten mei syn frou en syn iennichst bern meitsje, dat er fuort kaam. Hy flechte de bergen yn. It breinroere folk kaam yn syn paleis en rôp: 'Hy is der út naaid, mar hy sil dea, Iyk as al dy oaren. Lit ús gau sjen, oft wy him ek yn 'e bergen fine kinne'. Mei swurden en messen en alle soarten moardark by har stieken se de bergen yn en sochten alle mooglike skûlhernen ôf.
Undertusken wie de earste minister mei frou en bern yn in hoale krûpt en wylst se dêryn sieten, kaam der in hiele grouwe spin en dy weefde in grutte webbe foar de yngong. De frou seach dat en wie yn 'e wille om de spin dêrwei te reagjen. Mar de earste minister kearde har noch krekt. Hy sei: 'Dat moatst noait dwaan. In spin is in tige nuttich en hillich beest—wy bliuwe efter yn 'e hoale sitten'.
En krekt doe't de spin syn hiele webbe ree hie, kamen dêr de opstannelingen lâns en seagen dêr dy hoale. Ien fan harren sei: 'Lit my hjir mar ris yn sjen!' 'Nee, nee, nee', sei de haadman, 'lit ûs oanmeitsje, hy is hjir grif al foarby. Hjir hoege wy net yn!' 'Hoesa net?' 'Sjoch mar, as er hjiryn gongen wie, dan hie er dat spinreach stikken meitsje moatten. Hy kin der net yn sitte, dat mar gau fierder!' En der sette de hiele ploech wer hinne.
Njonkenlytsen kaam de rest yn it lân werom en dizze en jinge fan 'e âlde machthawwers, dy't it libben dêr ôf reden hie, kaam werom. Doe weage de earste minister it ek en sjoch ris om him hinne. De kust wie feilich en doe joech er him ek nei hûs. Hy krige syn hege post werom en fertelde oan elkenien dy't nei him hearre woe, hoe't er troch in spin bewarre wie. Fan dy tiid ôf wurdt de spin yn dat lân gjin kwea dien.

Onderwerp

AT 0967 - The Man Saved by a Spider Web    AT 0967 - The Man Saved by a Spider Web   

ATU 0967 - The Man Saved by a Spider Web.    ATU 0967 - The Man Saved by a Spider Web.   

Beschrijving

Er breekt een opstand uit onder het volk. De machthebbers moeten het ontgelden. Zo ook een minister, die met vrouw en kind de bergen in vlucht. Ze verbergen zich in een grot. In de grot weeft een grote spin een web voor de ingang. De vrouw wil de spin wegjagen, maar haar man zegt haar niets te ondernemen. De opstandelingen die op zoek zijn naar de minister gaan niet de grot in, omdat het web voor de ingang kapot zou zijn wanneer hij daar verstopt zit. Na een tijdje keert de rust weer terug en kan men de grot veilig verlaten.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 74

Commentaar

12 december 1978
The Man Saved by a Spider Web

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20