Hoofdtekst
In feekeapman fan 'e Grinzer Pein wie in man mei in berch jild. It wie frjemd mei him—nachts wie er stjerrende benaud en dan doarst er net heal allinne rinne. Alle tiisdeis gong er nei Grins en freeds nei Ljouwert. Hy reizge dan mei de Feanster boat, mar dêr brochten se him altyd hinne.
En dan wie it sizzen, hy wie sa bang, omdat er him hiel lang lyn oan 'e duvel ferkocht hie foar in grutte koer fol jild. De duvel soe syn siel ha, mar dan moast hy dat kuorfol jild ha mei in dikke kop der op. Mar doett de duvel by him kaam mei dat kuorfol jild, hie Albert de kop der ôfstrutsen en sein: 'No binne wy lyk'. En de duvel koe hinnegean mei it oare.
Onderwerp
AT 1130 - Counting out Pay   
ATU 1130 - Counting out Pay.   
Beschrijving
Bron
Motief
K275 - Counting out pay.   
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Grinzer Pein   
Feanster   
Albert   
Naam Locatie in Tekst
Opeinde [Groningen]   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Grins   
Groningen   
