Hoofdtekst
De Boalserter oaljekoeken
De koarbanken yn 'e Martinitsjerke te Boalsert binne ferneamd om har snijwurk. Oer it ûntstean fan dy banken giet in ferhaal. Doe't der koarbanken komme moasten. woenen se tige wat aparts ha en in baas keunstner krige de opdracht om se te meitsjen. Dat naam de man mei wille oan. mar doe't hy der oer te set rekke, woe him mar noait in goed ûntwerp ynfalle.
Dêr pakte er alle nachten mei om, mar hyltyd om 'e nocht. En doe op in nacht kaam der in frjemdling by him. Dy sei: 'Ik wol wol foar in goed Gntwerp foar dy koarbanken soargje, mar dan moatte jo my ien ding tasizze. Jo frou is swier, en as jo my no de Iytse dy't der berne wurde sil tasizze, dan komt it foarinoar'. De keunstner wie al lang bliid, dat it mei de banken yn oarder kaam, dat dy naam it sûnder berie oan.
It ûntwerp wie nei 't sin; it waarden prachtige banken en dy krigen har plak yn it koar fan 'e Martinitsjerke. In skoftke letter kaam de Iytse te wrâld. It wie in famke.
Doe op in jûn kaam deselde frjemdling oan 'e doar en sei tsjin 'e keunstner: 'Ik woe jo jo tasizzing efkes yn 't sin bringe en it bern ophelje'.
De skrik sloech de keunstner om it hert. Tsjin syn frou hie er nearne oer praat, mar no gong er gau nei har ta en sei: 'Sa en sa. Hoe moatte wy hjir mei oan?' De frou wie net sa gau ferslein. Se sei: 'Witst wat, ik bin oan 't oaljekoekbakken noegje dy fint der mar yn, en dan sille wy wol sjen'. Dat de man gong wer nei de doar en sei: 'Wolle jo earst net efkes mei ite— wy soenen krekt oer de oaljekoeken gear'. 'Dat liket my skoan ta', sei de frjemdling en kaam der yn.
Undertusken bakte de frou noch in pear oaljekoeken en dêr die se tarre yn, en spikers. Piper, swevel en alles dat mar raar smakke, kaam der ek troch. De frou tsjinne se op, en de frjemdling—dat de duvel wie fansels—naam in hap út sa'n oaljekoek. Dêr krige er it sa benaud fan, dat hy draafde hurd ta de doar út. Se hawwe him noait wersjoen. Mar de Boalserters ha der de bynamme fan Oaljekoeken troch krige.

Onderwerp
VDK 1191C* - De duivel en de houtsnijder   
Beschrijving
Een heer biedt de houtsnijder die de koorbanken van de Martinikerk in Bolsward van houtsnijwerk moet voorzien aan hem te helpen, in ruil voor het kind dat zijn vrouw verwacht. Hij krijgt een dochter. Als de duivel het kind komt halen, geeft zijn vrouw hem zulke afschuwelijke oliebollen dat hij de vlucht neemt.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 82
Commentaar
2 oktober 1975
Vergelijken met het verhaal in S.S. Koldyk, Sljucht en Rjucht. 11 en 28 februari 1922.
De schimpnaam voor de Bolswarders is Oliekoeken.
Beeld: Bolsward, de Martinikerk.

De duivel en de houtsnijder
Naam Locatie in Tekst
Martinitsjerke   
Boalsert   
Martinikerk   
Bolsward   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20