Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE062 - De kleasterklok

Een sage (boek), september 1971

Hoofdtekst

De kleasterklok
Te Starum hat lange jierren in kleaster stien, it Sint-Odolfuskleaster. Dat kleaster
stie rjochtstreeks ûnder de paus, de biskop hie der net folle te sizzen . It wie in oantinken oan de sindeling Odolfus, dy't yn Gaasterlân it evangeelje brocht hie. Letter is dat kleaster oerbrocht nei Himmelum, doe't se te Starum tefolle oerlêst ûnderfûnen fan stoarmfloeden en fan 'e partijskippen en reboeljes.
Yn dat earste Sint-Odolfuskleaster hinge in pracht fan in klok. Dat wie in geskink fan ien fan 'e rykste Starumer boargers. Dy klok wie elk wiis mei, net allinnich de muontsen, mar ek it folk fan Starum. Mar doe barde it op in donkere dei yn novimber, dat der in moaie wein nei it kleaster ried. Dêr stapte in hege geastlike út yn fol ornaat. It wie de biskop fan Utert. De muontsen wienen tige benijd, wat dy dêr wolle soe, it hie noait gjin freon fan har kleaster west. Hy seach ek mar frijwat stûf. Sadree't er binnen doarren wie, liet er, sûnder de abt earst op 'e hichte fan it doel fan syn komst te bringen, alle kleasterlingen byinoar roppe yn 'e seal.
'It is hjir yn 'e war yn it Sint-Odolfuskleaster', sa begûn er dalik fan boppen ôf, 'jim hawwe dêr heech yn 'e toer in klok hingjen en dy klok is noait wijd. Dat is in skandlik stik!'
O hea, tocht de abt, dat is ek sa. Dy klok hinget der al sa lang, al fan fier foar myn tiden. Dat hie altyd noch ris wêze sillen, dy klokwijing, mar it is der by bleaun! De abt hie wol foar it ferstân, dat dat de boer syn guozzen net wienen—de biskop hie einlings in stôk fûn om de hûn te slaan.
'Allegear nei boppen ta', gebea de biskop. Se tochten, no sil er sels de klok wije en sadwaande syn macht oer it kleaster toane. Mar dat besloech oars. Doe't er boppe kommen wie, sei er Iûd: 'Dat is in ûnhillige klok, dy sil syn tsjinst hjir net mear dwaan'. Hy stiek de hannen út en joech de klok, ja, hoe sil ik it sizze? Hy joech him oer oan de duvel. Ferslein rûnen de kleasterlingen efter de biskop oan nei ûnderen. It like wol, oft dy harren flerder neat te sizzen hie, like stûf as er kommen wie naam er ôfskie.
Op dy donkere novimberdei folge in rûzige nacht. De Starumers en it boerefolk yn 'e omkrite hearden de wyn wol gûlen en seinen: 'Wat giet it der om wei!' Middernacht kaam. De klok hie amper tolve oere slein, doe hearden de kleasterlingen boppe yn 'e toer in helsk lawaai. Dêr waard slein en brutsen en dien. De Kweade sels wie kommen en lei beslach op 'e klok. It wie earlik sines, de biskop hie it sein.
Hy skuorde him der út en doe waard it in duvelsk spul. Nijekleaster hie ek in toer en dêr siet in omkesizzer fan 'e Kweade yn. Dy twa duvels begûnen te heinderbaljen mei de klok yn 't holst fan 'e nacht. Mei barstend geweld sûze de klok troch de loft. It geafolk koe it hearre boppe it bearen fan 'e stoarm út. En noch wer heger, boppe alles út, hearden se it skatterjend laitsjen fan de beide duvels.
Dat trelit kaam lykwols hommels in ein oan. De jonge duvel wie wat al te bolbjirken. Hy saaide de klok de ferkearde kant út en dy kaam yn 'e Fluezen terjochte. Ploemp—ûnder wetter! Doe wie it spul út.
De oare moarns seagen de Starumers de iepenbrutsene toer, en de klok fuort. Ja, elkenien spiet it.
Mar wat barde der? De simmers dêroan foer in skipper fan Starum mei de tsjalk de Fluezen op. It feintsje siet mei de rêch tsjin 'e mest, de skipper op it roer. Ynienen, dêr hearde de skipper in klok lieden. Hoe koe dat? Yn 'e fierste fierte wie gjin toer te bekennen. Lykwols, de klok lette mar oan en mar wei. En it lûd waard wat langer wat sterker. It feintsje kaam by him: 'Hearre jo dat ek, skipper?' 'Ja, wis en wrachtich', sei er. En doe ynienen: 'Mar dat is it Iûd fan 'e klok fan Sint Odolfus! '
De tsjalk foer troch en stadichoan stoar it lûd wei. Mar ferskate skippers ha sûnt dy tiid de klok yn 'e djipte wol lieden heard, as se dêrlâns foeren. Soms lûd, soms sunich, mar hy lette, en de hiele Sudwesthoeke wist wol, dat dêr de klok fan Sint-Odolfus lei.
En no is it spitich om it te fertellen, mar sêftkesoan is dat lûd weiwurden. Ik ha in bult mei myn bm-er op 'e Fluezen omswalke, doe't ik yn Aldegea wenne, en as ik der sa allinne de mar oerstiek, haw ik gauris harke, oft ik de klok ek hearde. Mar nee, ik ha him noait heard. Gâns minsken sizze, it is allegear gekheid, der hat noait in klok west. It wie de reiddomp. Dy hat sa'n donker lûd: Oeh! Oeh! Se neame him der yn 'e Sudwesthoeke de marbolle. Mar ik hald my by it alde ferhaal fan 'e klok der yn 'e djipte fan 'e Fluezen.

Onderwerp

SINSAG 0980 - Der Glockenpfuhl.    SINSAG 0980 - Der Glockenpfuhl.   

Beschrijving

Het Sint Odolfusklooster in Starum heeft reeds lang geleden een klok ten gescheke gekregen van de bevolking. Wanneer de bisschop van Utrecht op bezoek komt draagt hij hem over aan de duivel omdat hij niet gewijd is. Twee duivels komen de klok 's nachts om twaalf uur halen, en maken daarbij een hels kabaal. De klok komt in de Fluezen terecht. De volgende dag vaart een schipper de Fluezen op en hoort de klok luiden. Hij herkent de klok van Sint Odolfus.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 82-84

Commentaar

september 1971
Zie ook: Sjoch J.H. Halbertsma, Rimen en Teltsjes. Bolsward/Leeuwarden, 8ste druk 1969, s. 469-461.
Der Glockenpfuhl

Naam Overig in Tekst

Sint Odolfus    Sint Odolfus   

Gaasterlân    Gaasterlân   

Gaasterland    Gaasterland   

Fluezen    Fluezen   

Fluesen    Fluesen   

Naam Locatie in Tekst

Utrecht    Utrecht   

Starum    Starum   

Stavoren    Stavoren   

Himmelum    Himmelum   

Hemelum    Hemelum   

Kwade    Kwade   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20