Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE063 - De twa reuzen dy't it farwetter fan Ljouwert nei Grou groeven

Een sage (boek), maandag 17 oktober 1977

Hoofdtekst

De twa reuzen dy't it farwetter fan Ljouwert nei Grou groeven
Witte jimme, hoe't Ljouwert oan syn namme kommen is? Dat is neamd nei twa reuzen dy't dêr tahâlden: Liuwe en Wiuwe. Sjoch, de âlde Ljouwerters seinen ek fan Liuwert yn pleats fan Ljouwert.
Dy twa reuzen makken op in kear in praatsje tegearre en doe ornearren se: 'Wy wolle ús graach ris wat útskobje, mar wy fine hjir fierste min wetter'. 'Dat is net sa slim', sei de iene, 'dan grave wy wol wat'.
Se woenen dalik mar út 'e ein sette. Mar wa fan beiden soe foarop grave? Dêr koenen se it net oer iens wurde. Doe seinen se: 'Dat is net sa slim. Witste wat—wy geane op 'e Aldehou stean en wy sjitte in pylk ôf. Waans pylk it fierste komt dy hat de measte macht en dy moat foarop.
De earste skeat syn pylk ôf en doe de twadde. Se seagen wol dat de earste pylk net fier kaam, de twadde saaide gans fierder. Se fûnen de earste op in modderich, grommich plak. Dêr begûnen se mar te graven. Doe sei de iene: 'Wêr't ik hjir yn om bargje, dat wit ik net—it koenen wol greauwens wêze. No, en sa hat dat ein wetter de namme Greons krige.
Se groeven fierder en doe sei de iene: 'Hark ris, wat lawaai ha wy dêr?' 'It frosket sawat', antwurde de oare, 'en dat hjir op sa'n pôle'. It stee dêr't it lûd wei kaam krige sadwaande de namme fan Froskepôle'.
Noch wie de twadde pylk net fûn, dat doe groeven se mar wer fierder. Op in stuit sei de foarste: 'Wrachtsjes, hjir fyn ik de pylk! It is wier, ik haw him!' En dat is dan Pylkwier wurden.
Se gongen noch eflkes troch en doe kamen se op in plak, dêr siet wat sân en dat wie dreech graven. De foarste reus waard wat wurch en syn maat sei: 'Wat sjochsto swart, koalle dysto biste'. Dat is dan Swartskoalle by Himpens wurden.
Efkes fierder krigen se wetter foar har. 'Krimmenikes', seinen se, 'wat is 't hjir in bargeboel, as wie 't in foege mar. Wy moatte mar by de wâl lâns'. Dat waard doe Marswâl oan 'e Himpensermar, de pleats dêr't alear de Hornstra's sieten. Der wennet no in Greidanus op.
Doe koenen se in fiks ein rjochtút grave. De rech die har op 't lêst knap sear fan 't kromstean. En net in bytsje stienen se krom, want se hienen gjin ark, se moasten mei de hannen dolle. Dat se rjochten de rêch en doe rekten se har ris omraak út. 'Hè, hè!' sei de iene tsjin de oare, 'dat is noflik—in goudene rek'. Sa hat dat rjochte ein wetter de namme fan it Gouden Rek krige. Dat wie fuort by de pleats dêr't us pake Piter Doekes wenne hat.
Mar it wurk wie noch lang net klear en se skrepten wer oan, mar doe krigen se de ein yn 'e bek en de lju hearden har beide tagelyk sizzen: 'Wat bin ik wurge!' Dêr hat it plak de namme Wergea fan krige, dat dan foarhinne as Wurgea útsprutsen waard.
Se dolden al fierder troch dat plak, mar se hienen har nocht, dat se dienen it sa behindich as 't mar koe. Dêrfandinne, dat de feart troch Wergea sa nau bleaun is. Doe gong de foarste der in bocht om, en de efterste seach syn maat net mear. Hy rôp: Wêr bisto, jonge!' 'Hjirre Hille', sei de oare, en de efterste grommele: 'Hjit ik no ek al Hille?' Likegoed is dat stik fan Wergea Hillebuorren wurden. De foarste krige de guit wer te pakken, mar mei de efterste woe it earst net eine. Mar doe't er him net mear seach, begon er ek wer ta te setten en sa helle er him in stikhinne yn. Hy sei: 'Sjesa, no bin ik doch neier by myn buorman kommen!' No, dat wie dan Naderbuorren (Naarderbuorren).
It gong der wer snijsum troch, mar de iene koe it al gau net mear foarinoar hâlde en hy sei tsjin 'e oare: 'Wier, ik bin der dom fan yn 'e holle!' En dat plak is Domwier wurden.
By it fierder graven skynde har de sinne wat tefolle yn 'e eagen. Dêr krigen se lêst fan. 'O myn eagen!' sei de iene. Sjoch, sadwaande hat Eagum syn namme krige. Der wurdt wol sein, dat Eagum it middenpunt fan 'e ierde is—trije hoannestappen besiden de toer—, mar hoe wier as dat is, wit ik net.
Eagum foarby gong it earst in ein moai rjochtút, mar doe krige de iene in nuver sin en begûn te healwiizjen, dat de oare sei: 'Wat mankeart dy—do koest de kolder wol yn 'e kop hawwe!' Of: 'Wat bisto kolderyk'. En dat is dan Koldyk. Ald Koldyk.
Justjes fierder hat men de Tútse. Dêr binne safolle ferklearringen foar. Der wurdt wol sein, der waard tusken in oar ding yn, of tusken twa wâlen yn groeven en dêrom wie de namme fan dat stee de Tútse wurden. By ferkoarting. Ek wol trochdat de iene sei: 'Hè, it is krekt as wurd ik stutsen'. 'Lit ris sjen', sei de oare—ja, hy wie stutsen. Beppe sei ek wol, de namme wie ûntstien, trochdat de iene syn hân sear die en doe sei de oare: 'In tútsje der op, dan is 't moarn wer better'.
In moai eintsje fierder waarden se flau fan 'e honger en doe griemden se der mar wat yn om en it woe net rjocht in feart wurde. 'It liket wol in foech baarch', sei de iene. En sa is dat dêr fuort by Grou de Biggemar kommen te hjitten.
'Mar no sille wy doch earst wat ite', seinen se, want se hienen honger beskrept. It smakke har skoan en se laden omraak wat yn. 'Wat bin ik grou!' sei de iene tsjin de oare. En sa is Grou oan syn namme kommen.
Hoe't it Grou foarby gongen is, dêr wit ik it measte net fan. Dat lei foar ús wat te fier út 'e reek. Ik ha wol heard, dat se in ein dat út seinen: 'A krom !' en dat moat dan Akkrum wurden wêze. Noch wer in ein fierder hawwe se tige toarst krige. Doe seinen se: 'Ik wurd âld — ik kin wol in boarnamer fol wetter op'. Sa is dat Aldeboarn kommen te hjitten.
Dit is it ferhaal, sa't ús beppe it ús, doe't wy bern wienen, ferteld hat. Heit en mem fertelden it hast lyk sa.

Onderwerp

TM 2601 - Hoe het dorp (de stad, heuvel, straat, een plek of het stuk land) aan z'n naam is gekomen    TM 2601 - Hoe het dorp (de stad, heuvel, straat, een plek of het stuk land) aan z'n naam is gekomen   

Beschrijving

Twee reuzen, Liuwe en Wiuwe, willen water hebben. Ze kunnen het niet eens worden en besluiten pijlen af te schieten. Diegene van wie de pijl het verst komt heeft gewonnen. De tweede reus wint. Ze gaan graven en de ene reus merkt op dat ze wel varkens lijken. De verteller leidt daar de naam Greons uit af. Ze graven verder en komen langs een plaats die ze Froskepole noemen. Ze graven weer verder en komen achtereenvolgens langs Pylkwier, Swartskoalle by Himpens, Himpensermar, de plaats waar Piter Doekes gewoont heeft, Wergae, Hillebuoren, Naderbuorren (Naarderbuorren), Domwier Eagum, Koldyk, Tutse, Grou de Biggemar, Grou, Akkrum en Aldeboarn. Bij elke plaats speelt zich een gebeurtenis af en van daar uit wordt de naam van de plaats verklaart.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn. [etc.], 1979, p. 87-89

Commentaar

17 oktober 1977
Hoe het dorp (de stad, heuvel, het stuk land) aan z'n naam is gekomen

Naam Overig in Tekst

Liuwe    Liuwe   

Wiuwe    Wiuwe   

Greons    Greons   

Froskepôle    Froskepôle   

Pylkwier    Pylkwier   

Himpens    Himpens   

Himpensermar    Himpensermar   

Gouden Rek    Gouden Rek   

Piter Doekes    Piter Doekes   

Domwier Eagum    Domwier Eagum   

Tútse    Tútse   

Grou de Biggemar    Grou de Biggemar   

Ljouwerters    Ljouwerters   

Leeuwardenaren    Leeuwardenaren   

Aldehou    Aldehou   

Marswâl    Marswâl   

Hornstra    Hornstra   

Greidanus    Greidanus   

Naam Locatie in Tekst

Swartskoalle    Swartskoalle   

Hempens    Hempens   

Hempensemeer    Hempensemeer   

Wergea    Wergea   

Warga    Warga   

Hillebuorren    Hillebuorren   

Hilleburen    Hilleburen   

Naderbuorren (Naarderbuorren)    Naderbuorren (Naarderbuorren)   

Naarderburen    Naarderburen   

Ald Koldyk    Ald Koldyk   

Grou    Grou   

Grouw    Grouw   

Akkrum    Akkrum   

Aldeboarn    Aldeboarn   

Oldeboorn    Oldeboorn   

Liuwert    Liuwert   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Wurgea    Wurgea   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20