Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE074a - Yn 'e oere fan 'e dea

Een sage (boek), zaterdag 09 december 1978

Hoofdtekst

Yn 'e oere fan de dea
Der wie in ferhaal, dat wit ik net alhiel mear—allinnich, dat it oer in jongkeardel gong dy't spul krige mei syn mem. Oft er miende, dat syn mem him wat misdien hie, of dat dy him by it fuortgean ferwinske hie yn 'e hjitte hei, dat wit ik net. Dan seit men soms wat dat jin letter muoit. Yn alle gefal, dy jonge gong mei de lilke holle fuort en hy foer op see.
De mem wie dat slim yn 'e wei. Se hie altyd in idee fan hy sil wol ris weromkomme, mar hy kaam net. Allinnich nachts, as se op bêd lei, seach se him in pear kear ferskinen en dan sei er har dei.
En doe ienkear fe rskynde er h ar foa r 't bêd, da t er dweil trochwi et wi e en hielendal wyt belutsen. En hy sei oars neat as: 'Ik ferjou it ús mem, ik ferjou it ús mem'. Op dy stûne waard er ek wei. En doe wie er ferdronken. Dy wurden wienen foar it minske in treast, want hy wie mei de lilke holle fuortgongen.
As men sa'n ferhaal heart, soe men hast sizze, dat is op ien fan 'e eilannen bard, omreden dêr wol mear fan sokke ferhalen omspoeken. Dat wit ik troch gesegden fan beppe wol.

Onderwerp

SINSAG 0490 - Erscheinung einer Person, die in grosser Entfernung gleichzeitig stirbt.    SINSAG 0490 - Erscheinung einer Person, die in grosser Entfernung gleichzeitig stirbt.   

Beschrijving

Een jongen is kwaad op zijn moeder en gaat op zee varen. Zijn moeder heeft telkens het idee dat hij weer thuis komt maar hij komt niet. Alleen 's nachts toen ze op bed lag zag ze hem een paar keer verschijnen. Op een keer verschijnt hij kletsnat aan haar bed en zegt dat hij haar vergeeft. Hij blijkt te zijn verdronken. Dat komt er van als je kwaad wegloopt. Als je dit verhaal hoort zul je volgens de verteller wel denken dat dat iets typisch van het eiland is. Volgens hem spoken er echter meer van dergelijke verhalen rond.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 97-98

Commentaar

9 december 1978
Ik heb de verhalen YPFOE075 opgesplitst in een a en een b. Bij Poortinga staan ze beide onder een nummer gegeven. Het verhaal is opgetekend in Hollum, Amelân.
Erscheinung einer Person, die in grosser Entfernung gleichzeitig stirbt.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20