Hoofdtekst
Oan 'e oare kant fan de poelen en de Tsjûkemar der moat in lân lizze dêr't de deaden fertoeve. Klaas Mast, in âld man dy't hjir oan 'e Polderdyk wenne, hat it ús as bern ferteld. En yn myn ferbylding dan lei dat lân de kant op fan Dunegea en Sint-Nikelsgea. De ierdmantsjes dy't hjir by de Reahelle tahâlden dy foeren de sielen fan 'e ferstoarnen mei har lytse boatsjes oer nei dat goede plak.
Op in kear wienen de ierdmantsjes wer mei in boat, of in boatsje, fol sielen fan ferstoarnen op it wetter. Dat moat dêr earne yn dy trijehoek by De Ouwer en sa west ha —hoe hjit it dêr ek?— De Ulesprong. Se foeren ôf fan wêr't no de Polderdyk leit en wienen net iens sa fier út 'e wâl; se stieken sa skean oer nei Dunegea ta en doe wie dêr ynienen de duvel en dy kaam oan board. Hy woe har de sielen ûntkrije en bring se nei syn plak ta. Dy duvel dat wie in grutte foarse baas, dy't de ierdmantsjes wol oan koe. Mar likegoed koe hy yn dat boatsje. Dy lytse ierdmantsjes wienen ek net mak : dy ferward en har ta it u terste. Se lichten de duvel meiïnoar in skonk en donderen him oerboard. Doe hienen se gjin lêst mear fan him en koenen se de sielen fan 'e ferstoarnen nei it goede plak bringe.
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Klaas Mast   
De Ouwer   
Sint- Nicolaasga   
Naam Locatie in Tekst
Tsjûkemeer   
Tsjeukemeer   
Polderdyk   
Polderdijk   
Ulesprong   
Dunegea   
Doniaga   
Sint-Nikelsgea   
