Hoofdtekst
Skûlje
By us op it tsiisfabryk yn 't Surhûsterfean hat in man út 'e Grinzer Pein arbeide; Hindrik de Boer hjit er. Dy man hat my in ferhaal ferteld, dat hie er sels belibbe. Hy hat der ek mei op 'e televisy west, yn 'Waar gebeurd'.
Hy gong faak jûns te fiskjen, op iel. Dan moat men net al te betiid wêze. Sa wie er ek ris op in jûn nei Boerakker riden, mei de auto. Dêr hie er in skoftsje oan 't fiskjen west en doe kaam der swier waar opsetten. Hy tocht, wêr sil 'k hinne flechtsje?
Mar doe stie dêr in hûske en hy tochte, dêr gean 'k mar hinne. Hy der yn en doe stie der yn dat hûske in kachel en in tafel. Hy lei syn bûslampe op dy tafel. Mar doe't er dêr even skûle hie, doe koe er de wjerljocht sjen troch it dak, sa min wie dat âld hûske. En ynienen—de bedsdoarkes waarden iependien en der foel in frommis fan 't bed!
Hy pakte dy frou beet en hy lei se wat rjochtút. Se gûlde net, mar se joech wat gegrom. Doe tocht er, hjir moat help komme, ik moat mar nei de buorljuwe. Mar fan 'e buorljuwe koe er net ien fan 't bêd ôf krije. Dat op 't lêst, hy tocht, ik moat mar wer nei it hûske ta, want ik kin dat minske dêr sa net lizze litte.
Dat hy werom. En doe koe er it hiele hûske net werfine! Hy skarrele dêr noch wat om, mar op 't lêst ried er mar nei hûs en doe sei er tsjin 'e frou: 'No ha 'k sawat belibbe. Ik wie yn in hûske, sa en sa, en dat hiele hûske koe 'k neitiid net werfine!' 'No', sei de frou, 'dan moatte wy der tegearre mar wer hinne'.
Dat doe binne se der de oare moarns, sa gau as it ljocht wie, tegearre hinne riden. Se kamen op datselde plak en dat hiele hûske wie net te finen. 'Sjoch', sei de frou, 'der leit dyn bûslantearne!' En doe't dat minske fan 't bêd ôf fallen wie, doe wie der ek in âld kruk út it bedsket fallen; dy hie er doe op 'e tafel lein. En dy kruk lei dêr no ek op 'e grûn.
Ik ha letter by Hindrik de Boer west. 'Sjoch', sei er, 'dit is de bûslantearne en hjir ha jo de kruk fan it bedsdoarke'.
Wêr wie dy kruk no weikommen, soe men sizze?

Beschrijving
Een man, Hendrik de Boer, is werkzaam op de kaasfabriek van Surhuisterveen. Hij is in de pauze gaan vissen en er kwam zwaar weer opzetten. Hij gaat in een klein huisje schuilen. De wind waait zo hard dat het oude vrouwtje dat in bed ligt eruit waait. Hij haalt hulp bij de buren want het vrouwtje gromt wat. De buren doen echter niet open en hij wil weer naar het huisje teruggaan. Het hele huisje is echter nergens meer te zien. Hij vertelt het later aan zijn vrouw en ze besluiten samen terug te gaan. Het huisje is er niet, maar wel vinden ze zijn lantaarn en de kruk van de deur terug.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 101-102
Commentaar
31 augustus 1976
De verteller refereert in de tekst aan een collega op de kaasfabriek: Hendrik de Boer. Deze zou ook in het televisieprogramma "Waar gebeurd" te zien zijn geweest. Deze verhalen zijn later ook in boekvorm verschenen, bewerkt door Herman Pieter de Boer, Waar gebeurd. Naarden. 1974. p. 56-59.
Naam Overig in Tekst
Hindrik de Boer   
Hendrik de Boer   
Boerakker   
Naam Locatie in Tekst
Surhûsterfean   
Surhuisterveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20