Hoofdtekst
De stim
Tichte by de Tútse tsjinne ris in boerefaam, dy kaam út 'e Wâlden. Dy faam moast in bern ha fan 'e boer. Dat foel foarhinne wol faker foar en meastal waard sa'n faam dan ôfkocht en rekke se út 'e tsjinst, mar dizze krige it bern dêr op 'e pleats. Se wie der mei forlegen en doe fermoarde se it, dalik by de berte of fuortdêrnei.
Earst bleau se by de boer, mar dêr krige se noait gjin rêst, want altyd hearde se dat bern gûlen. Op it lêst koe se it net langer úthâlde en reizge se werom nei de Wâlden. Wêr't se krekt wei kaam, wit ik net—fan 'e heide yn alle gefal, mar oft it no Burgerheide, Sumarreheide of wat oars wie, dêr wol 'k ôfweze.
Lykwols, thús koe se ek net bankje, ek dêr hearde se dat bern aloan jammerjen. Withoelang koe se oer de heide swalkje, mar de stim koe se net ûntrinne. Har rie te'n ein rôp se de help fan 'e duvel yn. Dy soe har wol fan dy stimme ôfhelpe, sei er, mar dan moast se har oan him ferbine. It brocht har gjin útkomst, de duvel soarge dat se fertutearzge en doe hie hy har siel. En nei har dea moast se dêr altyd oer de heide sweve.
En no hat men it iene ferhaal oer it oare. Want dy boer op 'e pleats hearde dat bern ek. Hy wist wol, dat it fermoarde wie, miskien hie er de faam der wol ta holpen. Hy ûnderfûn itselde as de faam: de geast fan dat bern bleau hingjen tusken dy faam en dy man. Dy boer krige allikemin rêst, mar hy gong gjin ferbining oan mei de duvel. Fan dy boer wit ik oars net as dat er hielendal yn it ûnderkleedsje rekke. Syn buorkerij en alles gong fuort, want troch dy eangst koe er net buorkje. It ferfolge him altyd.

Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Een boerenmeisje is zwanger van een boer. Het kwam vaak voor dat de boer het meisje dan afkocht, maar dit meisje was heel verlegen. Ze bleef bij de boer maar had daar geen rust omdat het kind veel huilde. Ze vermoordt het kind en keert later terug naar haar geboorteplaats. Maar ze blijft de stem horen. Ze roept dan de hulp van de duivel in. Deze wil haar wel van het geschreeuw afhelpen in ruil voor haar ziel. Het meisje is verdoemd om altijd over de heide te zweven.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 103-104
Commentaar
9 december 1978
Andere Tote spuken
Naam Overig in Tekst
Tútse   
Naam Locatie in Tekst
Wâlden   
Burgerheide   
Sumarreheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20