Hoofdtekst
Blaujakje
It Spoekersset dat is it ferhaal fan dy man dy't foar de twadde kear troude. Sjoch, dat wiif mei it blauwe jak, dat spoeket dêr altyd om, fan 'e Tútse ôf oan Grou ta. Dat komt, sy hat dat bern fermoarde.
De man sil wol in fisker west ha, want dêr wie altyd in fiskerij; dat Spoekersset wie by âlds in tichtset. Dat wie sa op 'e Tútse, letter is der komelkerij by kommen.
Dy fisker ferlear syn frou en hy hie in bern by har. Oft it in jonkje wie of in famke, dat wit ik net—in bern waard der altyd sein. En doe troude er wer, mei de faam dy't der wenne, of de húshâldster.
De twadde frou hie in hekel oan dat bern. En no wurdt it ûngelyk ferteld. Guon wolle ha, se ferwaarloazge it stadichoan sa bot dat it ferkaam, oaren sizze, se fergriemde, se fermoarde it.
Doe't de fisker dêrefter kaam, waard er razend. It iene ferhaal seit dan, hy fersûpte har, it oare, hy siet har efter en doe fleach se út eangst yn it wetter en fordronk. Op dat stuit rôp de man: 'Do silst altyd swevende bliuwe mei dyn blau jak, do smoarge ychel, en rêst silst nea fine'.
'It wiif mei de blauwe mouwen' (dêr't te Grou de bern bang mei makke waarden) dat haw ik noait heard. Beppe-en-dy seinen altyd fan 'It wiif mei it blauwe jak', of ek wol 'blaujakje'. It sweefde altyd fan 'e Tútse ôf, oer Koldyk, oan Grou ta. Dat wie de straf, mar der waard ek wol sein, dat se altyd om dy fisker hinne sweefde om him te pleagjen.

Beschrijving
Een visser verliest zijn vrouw. Enige tijd later hertrouwt hij met de huishoudster. Zij kan niet goed tegen het geschreeuw van het kind en vermoordt het. Wanneer de visser erachter komt is hij woedend. Van het vervolg bestaan twee versies. De ene verhaalt over dat hij haar verdrinkt, de andere dat hij haar achterna zit en zij in het water valt en verdrinkt. Vanaf de wal vervloekt hij haar en zal ze altijd rond moeten zweven met een blauw jasje aan.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 104
Commentaar
9 december 1978
Zie ook de sage van 'Blaujakje' in E.H. Halbertsma, De flotgaerzen. It wiif met de blauwe mouwen. Dimter. 1854. en in Leed in wille It fleanend skip, nr. 141. Cf.
Naam Overig in Tekst
Blaujakje   
Blauwjasje   
Tútse   
Naam Locatie in Tekst
Grou   
Grouw   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20