Hoofdtekst
De spoekjende susters fan Sigerswâld
In spoek is altyd op in plak dêr't wat bard is, wolle se beweare, en foaral as der guon fermoarde binne, dan dwirrelt de siel fan 'e slachtoffers dêr om en op gesette tiden komt er wer foar 't ljocht. As it kin, dan wol er dejinge dy't it him oandien hat treffe. Dat leauden se, doe't wy nei skoalle gongen; no is it der in bytsje út.
Ik sil jo it gefal fertelle fan Age fan Evert Tsyske. Dy wennen dêr wat efterôf, noch krekt ûnder Garyp. It wienen murdejagers. Hy hie op in jûntiid nei Sigerswâld west, te jûnpraten of nei de froulju. Drank hie er net hân, leau 'k. Hy sil tink wol heard ha, dat dy susters, dy nonnen fan 'e Susterswei dêr omdwaalden. Hy rûn oer de Skeanpaden op hûs yn, allegear houtsjepaden, en doe hat er dy trije spoeken sjoen.
Hy hat it ús sels wol ferteld. 'It wie om twa oere. Der seach my ien oer 't skouder en dy wie ek noch neaken. Doe seach ik trije neakene froulju. Se rûnen efter my lans en dan seagen se boppe oer my hinne. Ik waard ôfgryslike benaud, dat ik de sokken der yn, mar se koenen folle hurder as ik. En hoe't ik oer de houtsjes kommen bin, dêr wit ik neat fan, want ik ha noait wat sjoen, gjin tried en gjin houtsje en gjin beammen, mar ik stie ynienen foar mem thús en ik bûnze op 'e doar: Doch iepen, want se sitte my efternei! Ik dreau yn 't swit.
Dat wie de Susterswei. It ha nonnen west, fan it Sigerswâldster kleaster', sei er, 'dy ha se dêr fermoarde. Dy ha my troffen. Se tochten, dat ik it dien hie, mar ik ha der part noch diel oan'. Age hat dêr noait wer lâns doarst.

Beschrijving
Een man gaat naar Sigeswâld en gaat flink aan de drank en de vrouwen. Hij heeft daar de drie zusters zien rondspoken. Ze gaan achter hem aan en hij vlucht. Hij is er van overtuigd dat het de drie vermoorde nonnen van Sigeswâld zijn geweest. Blijkbaar dachten zij dat hij de dader was.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 104-106
Commentaar
18 en 23 oktober en 2 november 1978
Naam Overig in Tekst
Evert Tsyske   
Siegerwoudse klooster   
Naam Locatie in Tekst
Garyp   
Garijp   
Age   
Sigerswâld   
Siegerswoude   
Sigerswâldster kleaster   
Skeanpaden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20