Hoofdtekst
Witte jo wol, wêr't de Skûdelbank is? Sjoch, de Arumer feart rint sa nei Wytmarsum. De Skûdelbank dat wie de brêge, de syl. By de Skûdelbank nimt de feart in bocht en dêr krijt men wat se de Goudene Halsbân neame, de dyk dy't de Peinjumers en de Wytmarsumers yndertiden lein ha om har foar de see te befeiligjen. It is in griene dyk, suver in slachtedyk.
Dêr is ris in keapman fermoarde troch trije boeren, dy't dêr yn 'e Peinjumer Rige, tusken Peinjum en Arum, wennen, tichte by de Skûdelbank. Dy trije boeren wienen oan reapsein. Se tochten, dy keapman komt dêr dan en dan lâns en hy hat altyd in slompe jild by him, want hy docht hjir goeie saken. Se ha dêr dy keapman deamakke, mar fan dy oere ôf gong it mei dy trije mannen noch hurder by de steile berch del. It stellene jild wie samar fersille, as blaasden se it fuort.
En sûnt dy tiid doocht it net dêr by de Skûdelbank. Wannear't wy as jonges fan Arum binnentroch nei Peinjum gongen, moasten wy flak by de Skûdelbank lâns. Dan seinen wy: 'No moatte wy jûn net let werom, want dy Skûdelbank dêr spoeket it, hear!' Alde Arumers witte dat noch wol.
Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Skûdelbank   
Arummer vaart   
Goudene Halsbân   
Gouden halsband   
Peinjum   
Peinjumer Rige   
Peinjumers   
Wytmarsumers   
Naam Locatie in Tekst
Arumer feart   
Wytmarsum   
Pingjum   
