Hoofdtekst
Op 'e Skalkepaden
Us suster wenne yn 't Bomkleaster. Se krige altyd in healpûn bûter fan Sytse en Antsje, in pear minsken hjir (Harkema), dy hienen ien ko en se tsjernen noch sels. Us mem plichte jûns nei myn suster te reizgjen en dan brocht se dat healpûn bûter dêrhinne. It wie in iensum paad, de Skalkepaden, mei houtsjes oer de sleatten.
Op in kear wie se dêr wer hinne. Doe hienen wy in hiel moai lyts hûntsje, dat woe se mei ha, mar dat waarde har belet, wy rôpen dat hûntsje yn 'e hûs. It wie al aardich let, doe't se de weromreis oannaam. It wie moai ljochtmoannewaar, folle moanne. Se wie njonken it tsjerkhôf yn Bomkleaster—dêr leit in tsjerkhôf mei in klokkestoel—en doe kaam der ynienen in gesûs troch de beammen, noait liker oft der in keppel fûgels troch de beammen fleach. Mar fierders skonk se dêr gjin oandacht oan en hja reizge fierder.
Se wie sawat op healwei fan de Skalkepaden en se wie krekt oer in hout, doe seach se oerside en doe stie dêr in hiele dikke swarte hûn, mei de kop yn 'e wâl. Dêr wienen hjir minsken, dy hienen hast krekt sa'n hûn, in turkhûn seinen se dan. Doe sei mem: 'Och heden Turk, bistû hjir ek? Kom mar mei!' En doe, sei se, doe riisde it ynienen. Doe waard it in ding as in fôle, en eagen as theepântsjes en de sturt efterut. Se bestoar it omtrint.
'En no wit ik sels net, hoe't ik dêrwei kommen bin', sei se, 'mar ja, ik moast oer mear houten'. Hja wie hielendal stiif fan 'e skrik. En ja, doe oer it oare hout. Nee, dêr wie neat aldergeloks, want hja hie ek net weromgean doarst, fan bangens net. En doe is se dan thúskommen.
De oare moarns hat se dat ferhaal ferteld, en doe frege se ús: 'Ha jim my miskien ek wat tawinske? Sa fan: ik hoopje, dat se mar in wederfaring kriget dêr ûnderweis.' Nee fansels, wy hienen har neat tawinske. Mar yn elk gefal, hja wie hielendal ûntsteld. Wat men dêrfan sizze moat? Oft it kweageasten west ha, ik wit it net.
Us mem wie oars in tige konstant en gelovich frommis. Dy stie nearne foar, it wie in hurdhûd. Doe stie hjir in dominy Scholten, en dy fertelde se dat ek. 'Ja, dat hat in kweageast west', sei dominy, 'hienen jo it Onze Vader mar opsein, dan hie it fuort west'. 'Ja', sei se, 'dêr ha 'k noait oer prakkesearre. En dêr wie ik ek noait oan ta kommen, om dat hielendal op te sizzen'. In hiel skoft letter leaude se it noch.
It wie hjir slim yn 'e Harkema mei de spoekferhalen. Dat siet meast ûnder it jongfolk. Dat reizge en strunde sa sneinejûnen om. Mar de mendeis dan kamen der hiele ferhalen los. De iene kear hienen se dit sjoen en de oare kear hienen se dat sjoen. Der rûn sa'n skeanpaad dwersoer nei de Ham ta—Skalkepaden neamden se dat. En doe hienen se der op dy paden in lyts neaken famke sjoen. Hja wienen fan benaudens sa hurd útnaaid as de reek en hja hienen it útraasd.
En dan hienen hja ek wat sjoen yn minskegedaante, dat wie tige grut en hielendal yn 't swart. Dat hie de iene op dit ein sjoen en de oare op dat ein. Dan waarden se warskouwe: 'Tink der om en kom dêr net, want dêr reizget dat grutte wiif!'

Onderwerp
SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   
Beschrijving
Een zuster van de verteller woont in het klooster. Een kennis brengt haar boter. Om bij het klooster te komen moet ze over een paadje. Er loopt een hondje op dat pad. Als ze weer op huis aan gaat verdwaalt ze. Ze ziet een hond en denk dat er dan ook wel mensen in de buurt moeten zijn. De hond staat op en hij is veel groter dan ze dacht. Ze is bang en vlucht naar huis.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 106-107
Commentaar
4 februari 1972
Tweede vertelster is Tryntsje Kootstra.
Spuktier kämpft mit Mann
Naam Overig in Tekst
Sytse   
Antsje   
Turk   
Scholten   
Naam Locatie in Tekst
Bomkleaster   
Skalkepaden   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20