Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE087 - By de Spoekerssleat

Een sage (boek), zaterdag 09 december 1978

Hoofdtekst

By de Spoekerssleat
Der moat in boeredochter op Koldyk wenne ha, dy hie ferkearing mei in feint, dêr mocht se net mei—óf dat dy jonge fan syn âlden net mei har mocht. Op in jûne— se sil wol hjir of der hinne west ha—doe hie se mei dy jonge praat. En dêrnei gong se allinne nei hûs ta. It wie by tsjuster, mar doe miende sy, dat se him iderkear foar har seach. Sadwaande rint se him efternei, want se wol nei him ta, mar hy giet altyd fan har ôf. En dan op in stuit—sy sjocht dy jonge net mear—dan ferstapt se har, se stapt, en dan stapt se yn 't wetter en ferdrinkt.
En trochdat sy fanwegens dy feint ferdronken is, sweeft har geast dêr altyd om. Och, men hie foarhinne sáfolle fan dy dingen.
Ja, hoe witte de minsken, wat se sjoen hat? Se is ferdronken. Oft har geast dat letter ek noch útkreame hat, dat wit ik net. It wie in folksgeloof.
Sjoch, it grinzet dêr of oan Grou of oan Idaard. Dat moat de feart west ha dy't nei Idaard rûn. Dy moatte se foarhinne de Spoekerssleat neamd ha. Wy neamden it letter de Idaarderfeart. Mar beppe Rinske sei altyd fan Spoekerssleat.

Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Een boerenmeisje heeft verkering met een man. Deze relatie werd niet goedgekeurd. Ze ontmoeten elkaar op een plek. Als ze naar huis gaat, denkt ze dat ze de jongen ziet lopen. Ze gaat er achteraan, valt in het water en verdrinkt. Omdat zij omwille van die man verdronken is, zweeft haar geest daar nog altijd rond.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 107-108

Commentaar

9 december 1978
Andere Tote spuken

Naam Overig in Tekst

Rinske    Rinske   

Idaarderfeart. Idaardervaart    Idaarderfeart. Idaardervaart   

Naam Locatie in Tekst

Koldyk    Koldyk   

Koldijk    Koldijk   

Grou    Grou   

Grouw    Grouw   

Idaard    Idaard   

Spoekersleat    Spoekersleat   

Spooksloot    Spooksloot   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20