Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE088 - It spoek yn 'e Foksegatten

Een sage (boek), april 1974

Hoofdtekst

It spoek yn 'e Foksegatten
De wei fan Feanwâldsterwâl nei Hurdegaryp troch de Foksegatten wie foarhinne in sânreed. Op healwei stie yn in bocht in boerespul, dêr't in famylje de Vries op wenne. Twa fan 'e soannen slepten yn it bûthûsbedsteed. Ien fan 'e jonges wie moarns min fan 't bêd te krijen en dan strûpte de oare foar 't wurk op. Dêr krige dy syn nocht fan en op in moarntiid kaam er foar 't bêd mei in tuolle yn 'e hân. Hy woe him in tikje jaan om him wekker te krijen, mar hy rekke him by ûngelok oan 'e sliep, dat er it bestoar. Syn folk wie slim oerstjoer en ferslein, foaral de broer, dy't himsels ferwiet, dat er net better oppast hie.
De famylje koe der net langer bankje en fûn in oar hinnekommen. De pleats waard ôfbrutsen. De grutte linebeam dy't foar de huzinge stie is noch jierren ienlik yn 't lân stean bleaun en ek oars koe men wol sjen, dat it in hoarnleger west hie.
De geast fan 'e ferstoarne koe mar gjin rêst fine en ware dêr om yn it stal fan in 'wite juffer', lyk as it folk plichte te sizzen. Dy socht faken beskûl by in âlde wylgestobbe oan 'e oare kant fan 'e wei. Party lju doarsten dêr nachts net lâns en as bern mijden wy dat stee.

Onderwerp

SINSAG 0311 - Weisse Frau ist eine zurückgekehrte Tote.    SINSAG 0311 - Weisse Frau ist eine zurückgekehrte Tote.   

Beschrijving

Een boer heeft twee zonen. De ene is 's ochtends niet van het bed te krijgen, de andere moet al het werk doen. Hij is dat op een gegeven ogenblik beu en wil zijn broer eens goed wakker maken. Daarbij raakt hij hem aan de slaap waarop deze sterft. De familie verhuist omdat ze het niet langer kunnen bolwerken. De lindeboom is blijven bloeien. De vermoorde jongen spookt nog steeds in de buurt rond.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 108

Commentaar

april 1974
Weisse Frau ist eine zurückgekehrte Tote

Naam Overig in Tekst

Veenwouderwoud)    Veenwouderwoud)   

Foksegatten    Foksegatten   

Vossegaten    Vossegaten   

Naam Locatie in Tekst

Feanwâldsterwâl    Feanwâldsterwâl   

Hurdegaryp    Hurdegaryp   

Hardegarijp    Hardegarijp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20