Hoofdtekst
Destiids moatte der yn 'e Wythearenstrjitte hjir te Boalsert in pear minsken wenne ha, dy hienen gjin bern. De frou hie it der mei te dwaan. Dat minske rekke befreone mei Iju op it Hoog (de Heechstrjitte). Dy minsken hienen bern by de fleet en dat koe de frou op in doer net sette en doe't der wer in Iytse poppe kaam, waard se jaloersk.
Doe begûn dat wiif mei tsjoensterspraktiken. Se hie in popke en dêr stiek se spjelden yn. Dan hie de Iytse fan dy oare minsken pine en dy begûn te kwinen. Dêr gongen de âlden mei nei dokters ta, mar de dokters koenen net fine, wat it bern skeelde. Op 't lêst gong de heit fan dat bern nei de iene of oare duvelbander ta. Hy krige te hearren, it bern is betsjoend en jim moatte om dat frommis tinke.
De tsjoenster har man begûn har ek acht te slaan, want dy hie har in kear min ofte mear betrape, dat se mei kweaminskewurk dwaande wie. Doe troffen dy beide manlju inoar ris yn De Falk en ûnder in slokje bepraten se it gefal. Se sprieken ôf, de man fan dy tsjoenster soe stikem in gatsje yn 'e souder boarje, dat se har sjen koenen, as se allinne wie. Op in kear rôp er de heit fan it bern der by, se bespionearren har en doe kaam de hiele histoarje dan út. En doe't se ophâlde mei dy spjelden yn dat popke te stekken, knapte it bern op.
Myn pake Ale hat my dit ferhaal dien, mar hoett it ôfrûn is, oft der ek in rjochtssaak fan west hat of net, dat stiet my net goed mear foar.
Onderwerp
SINSAG 0531 - Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.
  
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Hoog   
De Falk (De Valk)   
Ale   
Naam Locatie in Tekst
Boalsert   
Bolsward   
Wythearenstrjitte   
Witharenstraat   
Heechstrjitte   
Hoogstraat   
