Hoofdtekst
Sneinswurk
En sa wurdt it yn 'e Wâlden ferteld: Hjir by Garyp om giet it ferhaal fan in pear boeren, dy wienen sa rûch as tou en se arbeiden sneins ek. Se dienen al folle tegearre. Yn 'e ûngetiid wienen se op in saterdeijûne let noch oan't healoeien. Se seinen: 'It lêste foer hea wolle wy jûn noch binnen ha, al sille wy der ek de heale snein mei omskrippe'. Se tochten oars, dat se de jûnes noch wol klear koenen. Se gongen nei 't lân, mar se krigen wat opkearing. Dat it hie al tolve oere slein, doe moasten der noch twa foarkfollen omheech. Doe frege dyselde dy't boppe op it foer stie te loeien: 'Wêr bliuwt myn hea?'Hy krige gjin antwurd en rôp noch ris: 'Wêr bliuwt myn hea?' Mei't der noch gjin azem kaam, tocht er, ik moat mar ris by't foer delsjen. Dat die er en doe seach er noch krekt, dat ien mei geweld ôfsette.
Dy't ôf sette, dat wie de opstekker. Dy hie wat sjoen—de kweade hie by him west. De foerloeier krige foar 't ferstân, dat it spul lang net doogde. Hy makke dat er ûnder kaam en sette ek ôf. As de sykte binne se beide nei hûs ta flein en it foer hea ha se noait yn 'e skuorre krige.

Beschrijving
Een paar boeren werken op zaterdagavond tot na twaalven door totdat al het hooien gedaan is. Als een van de boeren zich afvraagt waar zijn hooi blijft, gaat hij kijken wat de anderen aan het doen zijn. Die rennen heel hard weg omdat ze door het kwaad zijn bezocht. De man rent ook weg. Het hooi is nooit in de schuur terecht gekomen.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 131
Commentaar
23 oktober 1978
Naam Locatie in Tekst
Garyp [Garijp]   
Wâlden [Wouden]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20