Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE120 - Dêr stie de Ferkearde

Een sage (boek), maandag 23 oktober 1978

Hoofdtekst

Dêr stie de Ferkearde
Alde Folkerts Antsje, dy wenne dêr efter op 'e Tike. Se wie, tink ik, sawat yn 'e midden fan 'e foarige ieu berne. Dy hie altyd ferhalen oer de duvel. Se moast dan yn har jonge jierren faak fan 'e Tike nei de Pein om boadskippen. Doe wienen dat noch houtsjepaden en dan de Tikefeart dêr lei in lyts houten brechje oer. 'En op dat brechje dêr stie altyd de Ferkearde', sei se. 'Ik seach sa wol, dat it de Boaze wie—hy hie in hûnekop. Ik doarst der noait troch'. Op in kear doe rûnen se yn 'e keppel te wjudden en dêr wie ien by, dy hie altyd wol bûsjild. Hy sei: 'Ik ha myn siel ferkocht'. 'No', fertelde Antsje, 'rûm sinten, dat lake my ek wol oan, dat is noflik.
En doe in dei of wat letter', sei se, 'dêr stie er (de Ferkearde) my al op te wachtsjen, by datselde brechje. Mar ik wie dan wol sa ôfgryslike benaud, dat ik doarst der noait hinne. Ik wie sawat oan him ta, en hy bleau stean. Mar doe kaam my wat yn 't sin. Ik hie mei dominy praat en dy hie my rie jûn. Ik hie it Onze Vader leard en dat ha 'k doe opsein. En fuort wie er! Ik ha der noait wer lêst fan hân'.

Beschrijving

Een vrouw ziet op een brug De Verkeerde staan. Ze herkent hem aan zijn hondekop. De Verkeerde heeft zijn ziel aan de duivel verkocht om geld te krijgen. Wanneer de vrouw De Verkeerde later weer op de brug tegenkomt, zegt ze het Onze Vader op. De Verkeerde verdwijnt en komt nooit weer terug.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 131-132

Commentaar

23 oktober 1978
Verhaal verteld samen met Tamme H. Hooijenga.

Naam Overig in Tekst

De Ferkearde (De Verkeerde)    De Ferkearde (De Verkeerde)   

Folkerts Antsje    Folkerts Antsje   

de Boaze (het Kwaad)    de Boaze (het Kwaad)   

Onze Vader    Onze Vader   

Naam Locatie in Tekst

Tike    Tike   

Pein    Pein   

Tikefeart    Tikefeart   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20